Wergea - Sutelaksje Fryske Boek op sneon 7 oktober
Foar de tredde kear yn de nije opset sille we mei de Fryske boeken by de doaren del. We komme wer op de fertroude tiid, sneon 7 oktober tusken 11.00 en 14.00. Fanút Us Doarpshûs sille de sutelders mei de kroaden fol boeken by jo del komme. Om bewenners yn us doarpen entûsjast te meitsjen foar de nijste Fryske boeken, wurdt der in wike fantefoaren in folder mei ynformaasje ferspraat. Mochten jo sneons net thús wêze, dan kinne jo ek in bestelbon opstjoere.

Ek dit jier is der rûnom yn de provinsje sutele. Yn gearwurking mei de stifting Boeken fan Fryslân hat skriuwer Ferdinand de Jong it suteljen fan Fryske boeken wer oppakt. Ferskate doarpen en ferienings binne hjirfoar benadere troch Ferdinand. Foar ferienings betsjut dat in leuke ekstra opbringst foar de klubkas, want 25% fan de omset mei men hâlde. Yn Wergea is dat ek dit kear Filmkafé Bagdad.

In pinautomaat is oanwêzich foar it gefal minsken gjin kontanten yn hûs hawwe. Jo kinne ek delkomme yn Us Doarpshûs tusken 11.00 en 14.00. Sjoch foar mear ynfo oer alle aksjes op: www.facebook.com/Sutelaksje

Rimmy Tijsma-Sinnema – 058-2551839
Frans Slaterus – 058-2552979

Bedrijven
    
Tweets

18-01-2018 22:45
RT @popkoorwergea: Gisteravond fijn gerepeteerd in @TsjerkjeSwichum (tussen #Wirdum en #Wergea), prachtige locatie, daar mogen we a.s. zond…


05-01-2018 09:54
RT @popkoorwergea: De allerbeste wensen voor 2018! We beginnen meteen goed: 21 januari in het @TsjerkjeSwichum, tussen #Wirdum en #Wergea,…


01-01-2018 21:22
RT @popduo: Hast 40 plakken omheech! Bijna 40 plekken gestegen! #frysketop100 https://t.co/i0fZ3HJ7oM


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube