twarres5Hjir bin ik, op syk nei Twarres
Fryslân DOK op snein 4 maart 2012


Iepen en yntym, dat is de dokumintêre ‘Hjir bin ik, op syk nei Twarres’, oer sjongeres Mirjam Timmer (29). Mirjam is tegearre mei jeugdfreon Johan van der Veen, bekend wurden as it Fryske duo Twarres, fan Wergea. Programmamakker Wilfried Bijma makke in dokumintêre oer it libben fan Mirjam, 12 jier nei it grutte sukses mei Twarres. De dokumintêre wurdt op snein 4 maart útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje en Nederlân 2.

Lees meer: Twarres by Omrop Fryslân

20120302poster moulin_rouge_small

Alle foarstellings útferkocht!

Der binne gjin kaarten mear te krijen foar Moulin Rouge.

--------------------

Toanielferiening Halbertsma Wergea bestiet dit jier mar leafst 140 jier! En dat moat fansels fierd wurde.
Dat dogge wy mei it organisearjen fan in reüny en mei in spektakulêr stik… MOULIN ROUGE!

Moulin Rouge wurdt in spektakel oer fan alles watst meimakke hast…
In erfaring fan alles watst dy foarstelle kinst efter de reade fluwielen gerdinen, de ultime ferlieding fan ‘e sintugen….
Erfaar in ferliedelike wrâld, de wierheid, de frijheid, mar boppe alles… de leafde!

Jo kinne alfêst de folgjende datums yn ‘e aginda notearje: (sjoch foar de lêste ynformaasje: www.demoulinrouge.nl)

-2 maart 2012 (BESLETTEN)
-3 maart 2012 (ÚTFERKOCHT)
-9 maart 2012 (ÚTFERKOCHT)
-10 maart 2012 (ÚTFERKOCHT)
-EKSTRA FOARSTELLING: 11 maart 2012 om 15.00 oere (ÚTFERKOCHT)
-EKSTRA FOARSTELLING: 13 maart 2012 (ÚTFERKOCHT)
-EKSTRA FOARSTELLING: 14 maart 2012 (ÚTFERKOCHT))
-16 maart 2012 (ÚTFERKOCHT)
-17 maart 2012 (ÚTFERKOCHT)

Want dan iepenet de Moulin Rouge har doarren!

Plak: De Bidler te Wergea
Oanfang: 20.00 oere.
De kaarten binne € 12,50 it stik (leden krije in kaart by it ynleverjen fan harren ledenkaart).

 

Yn it nijs: Leeuwarder Courant, 26-02-2012 Voorpagina Artikel
Leeuwarder Courant, 02-03-2012 Recentie

 

www.demoulinrouge.nl

 

Bedrijven
    
Tweets

18-01-2018 22:45
RT @popkoorwergea: Gisteravond fijn gerepeteerd in @TsjerkjeSwichum (tussen #Wirdum en #Wergea), prachtige locatie, daar mogen we a.s. zond…


05-01-2018 09:54
RT @popkoorwergea: De allerbeste wensen voor 2018! We beginnen meteen goed: 21 januari in het @TsjerkjeSwichum, tussen #Wirdum en #Wergea,…


01-01-2018 21:22
RT @popduo: Hast 40 plakken omheech! Bijna 40 plekken gestegen! #frysketop100 https://t.co/i0fZ3HJ7oM


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube