Pop-up restaurant Geert-Jan Vaartjes by Under Wetter
Pop-up restaurant Geert-Jan Vaartjes by Under Wetter
Foar de maitiidsproduksje Under Wetter wurket Tryater yn Wergea gear mei sjef-kok Geert-Jan Vaartjes en poadium De Bidler. Vaartjes, ôfkomstich fan Wergea, is ien fan de manlju achter restaurant Oan Tafel en Grand Café JAN!. Foar de foarstelling dy’t spilet op de iisbaan, fersoarget er mei syn brigade yn De Bidler in Captain’s Dinner; in wintersk miel oan lange tafels.
Om’t Under Wetter bûten Oerol inkeld yn Wergea spilet, is it mooglik om in gearwurking oan te gean mei de pleatslike hoareka. Tatiana Pratley fan Tryater: “We kamen al gau by Geert-Jan út, dy’t in soad ûnderfining yn hûs hat en him flink manifestearret mei syn nije saken yn Wergea.” Geert-Jan Vaartjes: “Ik wie fuort entûsjast doe’t Tryater my frege. Net allinne is de kombinaasje kultuer en iten my bekend, troch de NNO-konserten by Lauswolt, ek krij ik altyd in soad enerzjy fan útdaagjende fragen.” Neist syn wurk by Lauswolt yn Beetstersweach wie Vaartjes ûnder oare sjef by De Librije yn Zwolle en de Bokkedoorns yn Overveen.
-
- Gepubliceerd: 19 december 2021
- Categorie: Cultuur
Lees meer: Pop-up restaurant Geert-Jan Vaartjes by Under Wetter