"Gare de Lyon"
troch Wies Venmans
oerset troch Bert Sinnema
Parys 1942, twa geleafden nimme op Gare de Lyon ôfskie fan elkoar. Omdat sy joadinne is en flechtsje moat, stapt se op ’e trein nei Marseille, om fanút dêr mei de boat Marokko te berikken.
Hy spilet in wichtige rol yn it ferset. Oan it ein fan de oarloch hoopje se inoar wer op datselde Gare de Lyon te moetsjen. Harren moeting kriget in dramatyske draai as se tegearre in ûnfoarspelbere ûntdekking dogge. Gare de Lyon is in stik oer de krêft fan de leafde en de pine fan miste kânsen.
Rezjy: Sicco de Ree
Rezjy assistinte: Regina Veenstra- Meinderts
Spilers: Bert Sinnema, Aleida Fennema - Hempenius, Dennis Pijl en Esther Kooistra - Dijkstra
Ljocht en lûd: Meine Bijlsma
Kap/grime/klean/rekwisiten: Wietske Sinnema- Visser, Ypie Kerkstra-Pijl, Monique Dekker
Dûns: Jitze Grijpstra
Spyldata:
24, 25, 26, 29 en 31 maart
1, 2, 5, 7, 8 en 9 april
Alle jûnen begjinne om 20.30 oere.
De lokaasje is it “swarte hok” fan Joost Veerman en Margriet Groenwold oan de
Nieuwe Hoek, efter de slachterij fan Harmke Anema. Yngong oer de Nieuwe Hoek.
Kaarten binne te bestellen op www.tagongskaart.nl foar € 16,00
Foar fragen kinne jo ús berikke fia email op: lokaasjeteater.de.kas@gmail.com