Nei moannenlang oerlizzen mei de ferskate kommisjes wie it dan úteinlik safier. It jubileum stie foar de doar. In foljend programma foar beide dagen soarge foar twa prachtige dagen wêr't noch lang oer neipraat wurde sil.

Nei moannenlang oerlizzen mei de ferskate kommisjes wie it dan úteinlik safier. It jubileum stie foar de doar. In foljend programma foar beide dagen soarge foar twa prachtige dagen wêr't noch lang oer neipraat wurde sil.

Sneon 25 augustus

Om 11.00 oere wie de oftraap fan it feestwykein. Nei in iepeningswurdsje fan foarsitter Gerrit Nijboer koene de oanwezige bern yn de middensirkel fan it A-fjild de ballonnen loslitte. De jeugdkommisje hie in toernoai boardingfuotbal organisearre. Yn trije ferskate leeftydsklassen waard striden om de prizen. Nei in perfekt ferrün toernoai wiene dit de priiswinners:

E2 en F pupillen: 1.Barcelona 2. Chelsea 3. ACMilan 4. Real Madrid
El en D pupillen : 1.België 2. Nederland 3. Engeland, Spanje en Italië
B en C pupillen : 1.PSV 2. Cambuur 3. Heerenveen, Ajax en Feyenoord

Ek wie der in faasjemeter, elkenien koe dêr de gong fan syn skot opnimme litte en Hylke Tholen soarge foar de administraasje. Stielhurd sjitten waard öfwiksele mei ünfoarstelbere missers. Fan elk team folget hjir de top-3:

F pupillen: Hylke Talsma 60 km/u Frits Fridsma 57 Bote Groen 54 Bram Paulusma 54
E pupillen: Warner Mink 68 km/u Cor Pieter Pander 56    
D Pupillen: Wierd Stoker 95 km/u Heine Reinsma 90 Jord Smit 75  
C pupillen:  Fonger Talsma 86 km/u Theun Kootstra 82 Sjoerd Tholen 79  
B junioren: Rindert Sinnema 99 km/u Sebastiaan Boxum 97 Arjen Wassenaar 93  
Dames: Chantal de Haan 89 km/u Jacoba de Wolff 88 Sabina Hoekstra 76  
Senioren + A junioren:
Koen Wielinga 124 km/u
Marc Bekhof 122 Albert Zwerver 122
Jelle J Tadema 113

 

 

 

 

 

 

 

 

 

   
Jûns stie der foar de senioaren, dames en A's in toernoai boardingfuotbal op it programma. Under lieding fan Koos, Jelle Jasper en Mare striden úteinlik 10 teams om de haadpriis; in hiele jûn opskeppe. Yn 2 poules moast der útfochten wurde wa't der as poulehaad nei de finale gie. Reputaasjes sneuvelden en legendes waarden berne, mar úteinlik wie dit de útslach:

1. Wesley Dijkstra, Rudolf Meinderts en Chris Pieter Veenstra
2. Bart Boersma, Cathrinus Wybrandi en Freddie Sinnema
3. Reinder Tholen, Jelmer Sytsma en Minke de Jong
4. Edward Terpstra, Femke Kooistra en Hans Dijkstra
5. Koen Wielinga, Jelle Talsma en Marije Tholen

As neigesetsje foar dizze fanatike dei stie der noch in feestband yn'e tinte. Synergie soarge derfoar dat mannich Wergeaster sneins mei in kater fan't bêd kaam. It wie gesellich drok en de sfear siet der goed yn! Boppedat soargen Maickel van der West en syn maten derfoar datst net mei in lege mage thús kaamst.

Snein 26 augustus

Ek sneins wie der in fol programma. De reunykommisje hie der foar soarge dat Sjouke Louwsma (Omrop Fryslân) in tal karakteristike figueren fan de fuotbalklub ynterviewe koe. O.a. Joop van Kammen joech acte de présence en die dat net ûnfertsjinstlik.

De reuny sette útein mei in iepeningswurdsje fan foarsitter Gerrit Nijboer en waard dêrnei oernommen troch 'spreekstalmeester' Jan Teitsma. De seal siet goed fol doe't Sjouke Louwsma syn earste rûntsje fragen oan de frijwilligers stelle koe. Floris Sinnema, Rink Hoff, Jannie Vaartjes, Joop van Kammen en Gerrit Nijboer krigen lestige fragen foar de kiezzen wer't guon it antwurd op skuldich bliuwe moasten.

Dêrnei wie it tiid foar in serieuzer oangelegenheid, it jubileumboek waard útrikt. Jitze Tadema, Folkert de Groot, Rein Koster en George Kooistra ha skoften mei plesier en tsjinslach oan dit boek wurke. It ferstjerren fan Rein Koster wie fansels de grutste tsjinslach fan alles, mar de oare mânlju ha syn wurk ferfette en der in prachtich boek fan makke. De twa earste eksemplaren waarden útrikt oan Jeltje Deinum en Truus Mud.

Nei it skoft wie der wer tiid foar in fragerûntsje fan Sjouke Louwsma. Dizze kear waarden de trainers Sijbe de Jong, Rob Kleefman en de hjoeddeiske trainer Kees Jansen oan bar. Ek no waard der wer in protte lake en waarden der prachtige anekdoates ferteld. Yn de kantine wie der plak foar in fotokwis, de winner hjirfan is my noch net bekend. Fansels kin in reuny net súnder wedstriid, om dy reden stie Wergea 1997 tsjinoer it Wergea fan 2007. It alvetal dat 10 jier lyn kampioen wurden wie yn de 5C klasse mocht it opnimme tsjin it hjoeddeiske earste. Nei in betide 1-0 foar 1997, joech de kondysje en Emiel de Vlas dochs de trochslach en waard it 3-1 foar 2007. As ôfsluter fan dit memorabele wykein joech Orkest Tryout noch in optreden yn'e tinte. It oanwêzige publyk makke fan de gelegenheid gebrûk om noch in kear al dy âlde ferhalen op te heljen.

Mei tank oan alle frijwilligers waard dit in wykein om noait mear te ferjitten. Op nei it folgjende jubileum! KW

(mei tank foar de oersetting troch http://www.letterfretter.nl/)

Bedrijven
    
WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.