havensbank_logo.jpg Alwer goede foarnimmens!?!

Alwer goede foarnimmens!?!

Ik freegje my ôf: wa hat der yn de earste dagen fan dit nije jier, yn ûnmacht nei alle gedachten, syn as har pakje sjek as sigaretten wer út de grize kontainer fiske, om 't jo it goede foarnimmen hiene om te stopjen mei it smoken of yn elts gefal it smoken te beheinen? Yn de desimbersedysje fan de Havensbank hie Henk it kreas ferwurde en yn gedachten seach ik mannich, potinsjeel eks smoker ûndersteboppe, oan de mul ta en mei in sin as in baarch yn de kliko omavesearjen om it pakje grús, as ferknûkele sigaretten wer boppe N.A.P. te krijen, om't harren ôfkickferskynsels wer wat del te bêdzjen. Fansels wie san soarte fan aksje net nedich west, om 't ferskate nearingdwaanden de skappen ek dit jier wer wol ha mei smokerij yn alle merken, soarten en gradaasjes. As ha jo dochs............? hawar.

As jo goede foarnimmens ha dan winskje ik jo der in protte sukses mei. Iksels nim mysels ek wolris wat foar, mar dan hoecht it om my net perfoarst op 1 jannewaris, it kin foar itselde jild ek wol 26 augustus. Ophâlde mei smoken bygelyks, ik soe dat nea op 1 jannewaris útfine, alteast net fuortendaliks nei de jierwiksel. Wêrom net? Sjogge jo josels dêr al? Jo sitte it út by de skoanalden en noch wat oare oanrinners. It is 5 foar tolven, jo kôgje noch wat op in kliemske oaljebol as appelflap om en jo draaie jo lêste sjekje. Klokslach 12 oere, de peuk yn 't jiskepantsje en de pûde tabak yn 't jiskefet. Elkenien yn jo neiste omjouwing winskje jo lok en seine en fansels trije túten de man/frou. Troch guon ôfkeurende blikken fan meastentiids net smokers ha jo al ridlik gau yn 'e rekken dat jo nochal ryklik út it antlit stjonke nei nikotine, fermongen mei de lucht fan krûdige oaljebollen, skraal bier en in ferskaat oan buorrelhapkes. Lokkigernôch sille dyselde blikken takom jierwiksel foar in grut part redusearre wêze om 't jo dan al in jier lang net mear in "saffïe" han ha. Alteast dat is it tinken op dat stuit.

Nei de túterij en de sjampanje de dyk op en gau fûstkje mei de buorlju om sa gau as mooglik it pakket fjoerwurk rjochting dampkring te jeien, want it bern yn jo hat dêr de allemachtichst lange âldjiersjûn op wachte. Nei de hiele jûn it geëamel oanheard te hawwen dat de sprútsjes sa djoer binne, dat de foarsitter fan de iisklup no krekt yn Spanje sit, wylst de iisbaan twa dagen te beriden west hat, dat de bern fan dy-en-dy wer wat útfretten ha. En dat ien oft oare muoike fan de nekke oant de hokse ûnder de luierútslach sit, om 't se yn de "tenaladyfabryk" wat ryklik west wiene mei de, nei âldeklonje rûkende gemikaliën, dy 't deryn sitte om de wearzige lucht wat yn te damjen. En lit muoike dêr no krekt net oer kinne en sadwaande al jokjende it nije jier yn skarrelt.

Mar om efkes by it ferhaal te bliuwen: it fjoerwurk wurd útpakt en de earste pylk stiet al yn de flesse en is ree om de boaze geasten te ferjeien. Mar dan...........in pakket fan in fyftich euro, mar gjin oansteklont! It iennichste wat jo foar hannen ha is in oanstekker. Om 't jo fan doel wienen om it nije jier sûn te begjinnen is it net in opsje om it lont mei in oanstekker oan te stekken. It soe skande wêze no, sûner wurde troch it net smoken, mar wol yn 't MCL bedarje mei ferbaarnde fmgers, trochdat de oanheljende wyn der foar soarge dat de flam earder it krûd yn de brân hie dan it lont. Tsja, dan hawwe jo in dilemma, wachtsje oant de buorman klear is mei syn fjoerwurk, mar ja, dy hat in pakket fan wol twahûndert euro en sil nei alle gedachten oan in oere as trije dwaande wêze om de potten en pylken eksplodearje te litten. Jo soene ek wachtsje kinne oant der immen mei in sigaret as sigaar foarby komt, mar jo hawwe ek wol in healoere nedich om jo eigen pakket der troch te jassen en jo kinne no net samar fan in passant ferwachtsje dat dyselde in healoere en in heal pakje sigaretten letter noch by jo op de kâlde klinkerts tahâld.

Hawar, om in koart ferhaal lang te meitsjen: stopje mei smoken op 1 jannewaris dat kin, mar ik soe it fan in oere as seis ôf dwaan.

No ik it dochs oer it smoken ha. Elts wit dat de polityk plannen hat om it smoken yn de hoareka te ferbieden, op himsels net ferkeard fansels, mar is dat no wol sa sûn. Foar de net smokers fansels wol, mar de smokers wurde de kjeld ynjage, om 't je sa ut en troch dochs ta binne oan in sjekje as sigaret. It gefolch dêrfan kin wêze datje snipferkâlden, mei de gryp yn 'e hûd as sels mei in longûntstekking tusken de fette lapen bedarje kinne. No moat ik wol sizze dat it yn restaurants, wêr 't de smaakpapillen op harren iepenst wêze moatte om de gerjochten op syn bêst smeitsje te litten en oarsoartige publike gebouwen, wol goed is om it smoken der ynpannich te beheinen. Mar yn 'e kroegen (en ek yn de oare hoareka) wêr't de kastleins noch net sa lang lyn oplein waarden om djoere ôfsûchynstallaasjes te pleatsen om de lucht te suverjen, wolle de bestjoerders it no ek oan bannen lizze. No tink ik direkt net dat it de kastleins in bulte klanten kostje sil, mar eartiids ha se wol ynvestearje moatten. No soe ik it sels ek wol jammer fine fansels dat we yn de kroech net mear smoke meie, want ik fyn ’t wol noflik "verpozen" oan 'e taap mei in kâld glês bier en in sjekje yn 'e holle. Mar as it sarler komt sil ik my der wol by del jaan, want miskien komme der ek wol wer goede alternativen, sa as in ferwaarme terras mei betsjinning, as in smokersabry mei kuolkast as sokssawat. Mar wat sille de folgjende beheinings wurde? In alkohol rrije hoareka? In seksfrije hoerebuert? Fet- en sausfrije snackbarkes? Fegetaryske sjoärma? Puntleaze dartpylken? Mar hawar, ik draaf wer troch.

Ik bin fansels net fan doel om it smoken te propagandearjen want ik wit fansels ek wol dat it sûner is om te stopjen, as noch better nea te begjinnen mei dy rotsoai, mar it wurdt hjir dochs stadichoan te gek foar wurden. Al die regels en geboaden. Eltse stap dy 't je hjir sette, moatte jo omjo hinne sjen at je net ferkeard stapt binne. En eartiids (dat ha ik wolris lêzen) hiene se oan 10 geboaden genôch. Fansels is it dêrnei hjir en dêr al wat drokker op 'e dyk wurden, sadat in pear ekstra regeltsjes derby net misstean, mar dochs.

We sille dit nije jier mar wer sjen wat se betinke omjo en myn wolwêzen te befoarderjen, yn elts gefal (en dat is lokkigernôch noch net ferbean!) wol ikjo noch alle goeds tawinskje yn 2008 endejierren dy 't derop folgje. En in protte sukses mei jo foarnimmens fan dit jier.

Mathijs

Bedrijven
    
WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.