logo wergea 600

Dit jaar bestaat Wergea 600 jaar! Noteer alvast in je agenda: de feestweek is van 19 tot en met 28 augustus 2022.

De Havensbank: Januari 2010

Lieve Jacoba,

Wat was het weer een mooie jaarwisseling. Een gezellige oudejaarsavond, inclusief oliebollen en quiz, maar voor het eerst sinds jaren zónder Top 2000. Ieder jaar weer rond dezelfde tijdstippen dezelfde liedjes begint mij wat te vervelen. Bovendien begin ik steeds meer te geloven dat de hele lijst zorgvuldig wordt samengesteld door Frits Spits es. en dat je daardoor als indiener van een top 10 je totaal niet meer serieus genomen voelt! Maar goed, tot zover dit smetje op een verder smetteloos verlopen feestdagenprogramma.

's Nachts hebben wij nog 2 uur lang gekeken naar het muzikale hoogtepunt van 2009, het concert ter ere van 25 jaar de Hall of Fame in New York wat ik had opgenomen. Hoe kun je het nieuwe jaar nu beter beginnen met deze fantastische muziek? U2 speelde samen met onder andere Fergie en Mick Jagger, Metallica met Lou Reed en Ozzy Osbourne, maar het hoogtepunt was toch wel het optreden van Bruce Springsteen. Dit spetterde echt uit onze Italiaanse speakers en ik beloof je dat ik je dit nog eens laat zien.

Doordat wij vrij laat naar bed gingen had ik al vroeg besloten om niet naar het champagne-ontbijt te gaan en deze ochtend te benutten om wat uit te slapen. Achteraf bekeken had ik mij net zo goed wel op kunnen geven want door toedoen van de kinderen was ik om half negen alweer paraat. Weet jij hoe dit door René Vaartjes culinaire begeleide ontbijt is verlopen? 's Middags zou ik even kijken bij de Wergeathon waar loopgekke dorpsgenoten zich in het zweet zouden jagen. Helaas bleek dit te zijn afgelast, maar tot op de dag van vandaag weet ik nog niet precies waarom.

Dan maar naar de Bidler. Ik was een uur te laat want het optreden van de Big Band heb ik gemist. Heb jij hier nog wat van meegekregen? Toen ik binnenkwam en mijzelf had voorzien van wat munten bleek de quiz al in volle gang. Door de gekozen spelvorm was de quiz wat ontdaan van het gokelement en het bleek dat Wietze Martens een jaar door het leven kan als het alwetende orakel van Wergea. Een waardige opvolger van de slimste slager van Nederland, Maickel van der West. Hoeveel vragen had jij eigenlijk goed?

Daarna het muzikale onderdeel van het geheel: je kunt het mooi vinden of niet maar kwalitatief was het zeker hoogstaand. Zeker als je je bedenkt dat men niet heel vaak heeft geoefend.   Helaas kreeg ik op dat moment een spoedbericht uit Darmstadt en bovendien was ik een kabeltje vergeten dus dit was een mooie combinatie. Tot slot heb ik samen met mijn compaan Catharinus nog tot in de late uurtjes muziek gedraaid tijdens de after party in de toog van Jaap. Ben jij daar ook nog geweest? Ik weet namelijk niet meer zeker of ik je daar heb gezien, maar dat kan natuurlijk ook andere oorzaken hebben.
Groeten van Emiel

 

 

Hoi Emiel,
It fjoerwurkoerskot is al net mear sichtber, salang liket it alwer lyn. It kin ek komme troch de snie mar dan spielt it wol fuort by teiwaar.
Neffens my wie it mei de jierwiksel wol helder en koene wy it fjoerwurk fan Wergea oanskôgje, wie it yn 2008 net sa dizich?

Ik ha de top 2000 der wol foar hân mar miskien is it leeftydsferskil dat ik it noch wol leuk fyn. Ik moat nammentlik sizze dat der noch hieltiid nûmers tusken sitte die ik noch nea heard ha. Ik bin ophâlden mei dêrnei te harkjen doe't ik yn de Ikea belâne. Ik tocht dat it dizze dei wol lekker rêstich wêze soe yn de goedkeapste meubelshop fan Grins en dat wie ek sa.

By de bakker waard ik oanhâlden troch in fanatike hurddraafster, se wie sa entûsjast en tocht dat myn meidwaan ek wol in tafoege wearde hawwe soe oan it oantal dielnimmers. Ik hie de ferkleiersklean krekt noch net klear lizzen, want hja moasten har ek noch ferkleid by de start melde. Koest kieze út 2,5 en 5 km. As fuotballer moatte jo je dochs seker mei dy 2,5 rêde kinne net? Mar goed, dyselde middeis krige ik noch berjocht dat de Wergeathon net troch gong yn ferbân mei de glêde stikken.

Myn jierwiksel begong yn de Bar mei de âlde karbidsjitploech en in pear freonen. Wy ha der de lêste 10 sekonden 'aldergeloks' krekt noch mei krigen. Nei in protte manlju en froulju op de wang groete te hawwen, gongen wy nei bûten om de karbidbus te bewûnderjen mei twa fingers yn de earen. De minsken dy't in pilske yn de hân hienen lutsen hiele frjemde gesichten omdat se it oare earsgat dochs  ek noch ticht besochten te krijen. Wat fansels net slagge.

Dêrnei haw ik noch efkes yn de soos west om wer in stikmannich doarpsgenoaten lokkich nijjier te winskjen, neffens de ferhalen wie it ien fan de drokste jûnen yn in hiele lange tiid. It naaide derût. De lêsten koene sa oanskowe by it sjampanjebrochje, se hienen har allinnich net opjûn en woenen ek wol hiel graach op bêd. Myn 2010 is derom ek net ynlieden mei muzikale hichtepunten mar uteraard bin ik benijd nei de bylden.

Ik haw heard dat it in smout selskip west hat by it sjampanjebrochje en dat mannichien nea sa'n lekker brochje hân hie, lit stean dat it benei te kommen fait yn de keukens fan de dielnimmers. Miskien rêd ik it op om oer tsien jier hjirby oan te skowen.

Nei in kâlde pizza dield te hawwen mei de skjinmakkersploech fan de Bar hawwe wy ús taret op de nijjiersborrel. Wy hienen ommers al wurk fersetten en koenen der wol wer ien ha!

De lûden fan de Big Band begongen yn te lieden op it momint dat ik myn briefke en pinne foar de kwis al in plak jûn hie. Ik haw net safolle doel oer dizze muzyk mar it klonk poerbêst, benammen ien persoan hie it moaiste plak, hy bruts de hoarizon fan de efterste rige.

Piet en Koos wienen geskikte kwismasters, harren boesgroentsjes sprutsen boekdielen. Ik fûn it leuke aktuele fragen en sa as ik om my hinne seach wie 90% fanatyk oan it meidwaan. Lit ik it ôfsjen hjir mar bûten hâlde, ik tink dat de hoeke dêr't ik stie allegearre like folie flaters hiene...

De muzyk dêrnei wie beregesellich en de kwaliteit wie seker heechsteand, dit mei fan my alle jierren wol. Dyn plaatsjedraaierij aventoer by Jaap haw ik yndied net mear meikrigen. Ik haw heard dat dit ek in grut sukses wie. Wierskynlik binne foar dizze groep minsken de goeie foarnimmens pas op twa jannewaris yngien.

Sa asto lêze kist brûk ik it wurd gesellich regelmjittich, ik kin ek net oars ôfslúte dan dat ik it dit jier in goed slagge âld en nij fûn!

Wat binne eins dyn goeie foarnimmens?
Leafs Jacoba
 

Wergea 600

logo wergea 600

Dit jaar bestaat Wergea 600 jaar! Noteer alvast in je agenda: de feestweek is van 19 tot en met 28 augustus 2022. Check hier de website: wergea600.nl

Bedrijven
    
Tweets

05-05-2022 20:25
RT @vvWarga: Het verslag en alle foto's van Warga 4 - DTD 4 staan nu op https://t.co/KlhyuybMVn Er staan inmiddels zelfs beelden van deze w…


05-05-2022 20:25
RT @BakkerijdeBoer: ❤ Het is bijna moederdag ❤ Een moederdagsnitte, aardbeienslof, aardbeienschelpje of een vers suikerbroodje met een cro…


27-04-2022 10:08
RT @teatsen: De opgave voor het Wytze Veenstra Wergeaster Kampioenskip Teatsen staat online @ https://t.co/HBpFXy1lPU https://t.co/HhspT4RC


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.