logo wergea 600

Dit jaar bestaat Wergea 600 jaar! Noteer alvast in je agenda: de feestweek is van 19 tot en met 28 augustus 2022.

(Column van Hendrik Fridsma)
Fanôf de brêge yn Warten rûn ik fan it Earmhûs, museum de Súdwâl rjochting it Skûthûs.

De sinne skynde, boatsjes farden lâns, de terassen sieten grôtfol, de lucht fan rikke iel, soppige  byfstikken, kâlde rosé, de sierlike swaai mei it klompke fan de brêgewipper, en in azem fan de geur fan de Alde Feanen.  As echte Wergeaster foel myn eigen oardiel my swier, Warten is wat Wergea net is. Warten is wettersport.

It giet om sfear. Oan´t  yn de poarjen fan de mienskip. It giet om genen. De rop oan it boatsjefolk ‘wês wolkom’. It grut úthingboerd fan ´Bêste toerist, sjoch yn  ús moaie pittoreske doarp, sjoch wat wy jimme biede kinne’.

Doe´t de earste plannen foar de ´Steande Mêst Rûte´ der wiene fleine wy Wergeasters inoar yn´e hierren. Geane we ´om de West’ of geane we ‘om de East´ . It wiene gjin ôfwagings fan kânsen. It draaide om belangen. Hokker kar ek makke waard, it waard sjoen as bedriging. De ûntwikkeling fan Wergea wie net foar eltsenien wichtich.

It is ‘om de West’ wurden, in beslût mei gjin argumintaasje oars as ‘de sinten’. Dêr draait no ien kear in protte om. Der leit no in prachtige ‘bypass’ rûn Wergea. Mear wetter dus ek mear ferdivedaasje en argumintaasje om it boatsjefolk nei Wergea te lûken soene je sizze. Mar neat dêrfan. Der binne fierder gjin ûntwikkelingen en fernijingen te melden. It is mûsstil om de Wergeaster wettersport. hinne.

Wy  hawwe al muoite genôch om de brêgen beweechber te hâlden. Konvenant of net, foar de brêge op ’e Tsjerkebuorren moast aksje fiert wurde om it wippen in pear jier feilich te stellen. In pear jier want wat der dernei bart lit sich riede. De brêge Nijewei/Kooistrawei stiet op it punt fan ûntmantelen. Om opknapt te wurden. Dat de brêge yn ’e takomst as fanâlds oait wer wipt wurde kin, der kinne je betinkingen oer ha. Net allinne om it safier te krijen, want ‘de sinten’ binne machtich sa’t we witte,  mar je kinne je ek ôffreegje hoe wichtich it wêze sil. De hiele Foudering is hast tichtslike is mei drits en drek. Gjin boat die der farre kin.

De plannen foar in sloeperûte lizze, miskien wol foar altyd,  yn ’e kuolkast. It trassee wêr ’t de rûte lâns sil, wie fan’t simmer al hast ferkocht oan ‘Welkom’. De ûntwikkeling fan Wergea op slot om it Gemeentlike fallissemint te kearen.  Utwreiding haven mei lisplakken foar sjarterboaten, kamperplakken of it realisearjen fan in kamping. It stuit op wjerstân, of it wurd te djoer. In swaaikom op it krúswetter ‘Steande Mêst/Wergeasterfeart, ferjit it mar, past net yn ’e plannen. En we slikke it as Wergeaster allegear. Niks gjin spierballen of opsternate reaksjes. Gjin fûst op tafel. We litte de dingen op har berin.

Mei de boat smûk batskjend troch Wergea.  Sjoch asjebleaft net nei de kant fan it eardere Fricoterrein. Griis en grau leit it derhinne. Grut en ôfgryslik lilk. It giet om it earste oankommen. It nammekaartsje fan Wergea. It giet om leafde op it earste gesicht.  Minsken, we meitsje gjin inkele kâns. It is ommers gjin gesicht.  Wêrom binne der gjin knappe koppen die dêr in prachtige oanplant yntekenje. In moaie kade mei oanlisplakken. In prachtich rinpaad op nei it sintrum fan ús moaie doarp. Meitsje in face-lift wêr’t Patricia Paay sa jaloersk op is dat de botox har út de eachhoeken spat.

Dat Pleatslik Belang oansluting promoatet by gemeente Ljouwert is foar ús doarp miskien wol de bêste ynstek. Boarnsterhim hat op dit  flak neat  foar Wergea betsjutte kind.  Dat boargemaster Crone fan Ljouwert yn ’e Nijjierspreek posityf reagearret op de útnoeging fan Boarnsterhim ta gearwurking is moai.  Der moat op ynheakke wurde. It moat Crone dúdlik wurde dat ek Wergea in hiele grutte rol spylje kin om de wettersport tusken Ljouwert en de Alde Feanen te ferstevigjen. Crone hie yn syn nijjiersspeech sizze moatten ‘wy wolle de mooglikheid ta wettersport foar Ljouwert útwreidzje fia Wergea nei Grou’. Mar werom seit Crone dat net!  En no komme wy op it punt wêr dit stik om draait, Omdat Wergea gjin status op dat mêd hat. Wy hawwe gjin wettersportkultuer yn ’t liif,  gjin útstrieling en, miskien wol it wichtichste fan alles,  gjin lef en gjin flair.

Wergea is wat wettersport oanbelanget in griis doarp. We ha in warber ferieningslibben wer ‘t we grutsk op binne. Mar it is meastal foar Wergeaster publyk. In ‘eigen folk earst’ gedachte . We raze net om de toerist fan bûten, boatsjefolk, kultuersnúvers om utens, sliepers of oar ynmingjend minskdom.  We sjogge blykber neat yn frjemd folk wat, op syk nei ferdivedaasje, boadskippen, in terraske, lektuer, in flaubyt, húshâldlike boatsje-artikels,  in lekkere dikke iispunt, de Wergeaster ekonomy stimulearret mei in losse beurs. Harren sinten lykje wol fan blik.

In oantal jierren lyn hawwe de ûndernimmers yn Wergea de bal by de ynwenners dellein. ‘Keapje yn eigen doarp oars rêde wy it net’. In promoasje-aksje mei in boadskip.  De bal kin no wer werom.   Wat foar inisjatyf komt der op dit stuit út de koker fan de ûndernimmersferiening?

It soe wat te flau wêze dit allinne by ûndernimmend Wergea te lizzen. Der binne fansels mear partijen sa as de Wergeaster Wettersport feriening (WWS)  Pleatslik Belang, it ferieningslibben, Gemeente Boarnsterhim (of Ljouwert?) en net te ferjitten in oant no ta stil Toeristysk Wergea. Wa pakt it foartou en set Wergea op de kaart. Yn potinsje kin ús Wergea in foarportaal fan de Alde Feanen wurde, it plakje wer ’t je oan wolle omdat se it der sa goed foarinoar ha, it sa smout oankomt of omdat it de flow fan it fakânsjegefoel jout.

Op 25 augustus 2009 hat foarsitter fan de Wergeaster Wettersport, Dhr. A. Dijkstra,  al yn in radioprogramma fan Omrop Fryslân oanjûn dat Wergea te min profitearret fan ‘de steande mêst rûte’.  Syn oprop om mear jild en gearwurking is grif terjochte. Wergea sil wat dwaan moatte. Mar wa set de earste stap.

Hendrik Fridsma, Jannewaris 2010
 

Wergea 600

logo wergea 600

Dit jaar bestaat Wergea 600 jaar! Noteer alvast in je agenda: de feestweek is van 19 tot en met 28 augustus 2022. Check hier de website: wergea600.nl

Bedrijven
    
Tweets

05-05-2022 20:25
RT @vvWarga: Het verslag en alle foto's van Warga 4 - DTD 4 staan nu op https://t.co/KlhyuybMVn Er staan inmiddels zelfs beelden van deze w…


05-05-2022 20:25
RT @BakkerijdeBoer: ❤ Het is bijna moederdag ❤ Een moederdagsnitte, aardbeienslof, aardbeienschelpje of een vers suikerbroodje met een cro…


27-04-2022 10:08
RT @teatsen: De opgave voor het Wytze Veenstra Wergeaster Kampioenskip Teatsen staat online @ https://t.co/HBpFXy1lPU https://t.co/HhspT4RC


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.