Oeral yn Wergea

Eachen en earen tekoart.

Ik ha efkes telt mar it liket derop dat der sa’n 50 optredens as acts op de iene as oare wize foar it fuotljocht kaam binne. Wergea pakte opnij grut út. Sneon tocht ik noch efkes dat de bewenners bij âlde sliterij van der Berg in feestje jaan soene want der stie in bar en in hiele stapel túnstuollen. Ien fan de organisaasje kin him dat grif net yntinke want it kin net oars wêze as dat sy allinnich mar harrren tinzen bij dit barren hiene. In tunnelfyzje oangeande Oeral yn Wergea. Yn de KKW en de Soos sitte in pear grutte organisaasje-talinten. Miskien kin it CDA se brûke as de nije “spindokter”? Miskien kin Joop Mulder in rjochterhân brûke? No ik tink dat Wergea se mar net gean litte moat. Joop (net die fan de fietsen) oriëntearret him op Súd Afrika, Spanje en New York mar ik ha him op Oeral yn Wergea net sjoen. In miste kâns foar de Oerol man.
No wie it fansels al spannend wat de waargoaden foar dizze snein yn petto hiene. Al in pear wike min, wiet en kâld waar. Neat oan foar in strjit- festival. It hat sa wêze moatten dat op dizze dei it sintsje der moai by wie en de temperatuer gelokkich ris boppe de 10 graden. Om 12.55 de iepeningsact. No wie ik der moarns wol op tiid út mar de fersnellings fan de fiets lieten ferstek gean dat doe’t wy om 12.58 de Buorren yn fietsten hearden we al wat in âld ferske en hiene we de hoop middeis noch wat kreazere muzyk te hearren. (sorry, miskien bin ik wat in kultuurbarbaar).Efternei wie dit it begjin fan in machtich moaie middei.
Ik seach minsken rinnen mei kreaze oantekens op it programmaboekje. Der is thús al studzje makke wat net te missen en hoe let wêr. No is sa’n skema foar my net de ultyme frije middei mar it betsjut wol dat ik optredens mist ha. It is moai dat safolle minsken allegear in oare middei hawn ha. Mar krekt wêrst op dat stuit mei wa wiest. Ek fuort it allemachtich sterke punt fan Oeral yn Wergea. Voor elk wat wils. Dat wie ek werom te sjen oan it publyk. Wa wie der net?? Alle leeftiden, jonges, famkes, pakes en beppes, bûtenommers, âld Wergeasters. Healwei de middei hear ik noch immen suchten “It liket hjir wol in reüny, ik kom mar net fierder.” Der is minder kommintaar foar in organisaasje. No ha de KKW en de Soos ek al hiel wat ûnderfining sjoen de oanlieding fan Oeral yn Wergea. 40 jier Soos en 20 jier KKW. Dizze jubilea stiene net op de foargrûn. Ik ha it net mist. De wittenskip wie foar dizze middei genôch.
Fiif podia! Minsken fan bûten hearden best raar op. Yn Wergea?? No dat kin hast net en sil ek neat wurde. De besikers witte better. Der is oer neitocht want op de Hillebuorren wetter-relatearre optredens. It berne-poadium tichtby de Bidler sadat it jongste spul yn de kiker bliuwt. Ik fûn de Jurjenspôle dizze middei in noflike lokaasje. By de Koepel wie der by tiden gjin trochkommen oan. Op strjitte wie fan alles te belibjen. En dan it VEGE skuorre TV. Grut komplimint. Grappich dat net ien it ferhaal trochferteld en dat allinne mar troch de Buorren gûnset “Dêr moatst efkes hinne”. De ôftiteling sprekt foar Wergea. Sa lang dat der gjin ein oan komt. We sille de list frijwilligers fan Oeral yn Wergea hjir ek net publisearje want dan wurd de Havensbank te djoer.
It Bidler-terrein liende him prachtich as haadlokaasje. Op de neimiddei kaam alles hjir oan. Dan kinne we ek wer belibje hoefolle talint as hjir wennet. De hiele middei is it al trochgien en dan no hjir de ôfsluters. De “nije Twarres” spilet mei Weima en van der Werf. Mirjam soarget foar in soad wiete eachen as se Benjamin sjongt. Spesjaal makke foar Johan, har sjongmaat fan foarhinne. Sander giet los mei Van Geeft ‘M.
Beste Soos en KKW minsken, hooplik ha jim fan besikers genôch fearren yn’t gat krigen om nochris de enerzjy te finen foar in Oeral yn Wergea 2.
It koe net better!
It brûst yn Wergea!
Franciske

 

 

Bedrijven
    
WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.