logo wergea 600

Dit jaar bestaat Wergea 600 jaar! Noteer alvast in je agenda: de feestweek is van 19 tot en met 28 augustus 2022.

SZDRNZLL 40 jier!

Sa as ek de jeugd âlder wurdt, sa ek de jeugdsoas.

De âldere jeugd, ein jierren ’60 fan ‘e foarige ieuw fielt har hjir yn Wergea wat fertutearze en wit net rjocht wat dwaan mei oerstallige tiid en sille dan nei alle gedachten bekind stean as “hangjongeren”.
Guon fan har sille harren nocht hân ha fan ‘t omhingjen en krinkjespuien en komme mei it idee op ‘e proppen om in plak foar harren sels te sykjen, misskien mei de gedachte: as de âlderein in soas ha, dan moat der foar de Jongerein ek in soas komme! Né wis net! De inisjatyfnimmers hiene harren doelstelling gearfetten yn trije punten, te witten:

1-  Ontmoetingscentrum voor het bevorderen van het onderling contact van de jeugd die van hieruit allerlei initiatieven kan ontplooien.
2- Cultureel centrum van Warga.
3- Mogelijkheid tot relaxen, waarbij consumpties genuttigd kunnen worden (niet alcoholisch).

 

Dizze punten waarden formuleare neidat Gerard van Drooge en Sietze Bergsma op in iepenbiere gearkomste fan Pleatslik Belang, mei de Gemeenteried fan Idaerderadiel, mei de rûnfraach, help fregen fan PB en de ried om in gaadlik “eigen” plak te sykjen om dizze doelstelling stâl te jaan.
Hoe it allegearre ta stân kaam is, kin ik út dizze Havensbanken ‘út de jierren 1969/1970 net gewaar wurde, oant der yn in : “nieuws in een notedop” juli 1970 stie:

De jeugd heeft de beschikking gekregen over het parochiehuis, wat de laatste tijd, doordat het niet meer gebruikt werd, danig in verval raakte. Thans wordt er iedere avond met man en macht gewerkt om het voor de feestweek (de grutte feestwike fan Wergea Oerein ein augustus/begjin septimber yn 1970) weer een beetje toonbaar te maken. Wat er uiteindelijk uit de bus zal komen is nog een verrassing, maar plezier is er wel, zo wij zijdelings wel hebben vernomen.

Neidat der yn in Havensbank letter frege waard om âld hûsried en dat kaam der ek, koe de offisjele iepening syn plak ha yn ‘e feestwike, troch de doetiidske wethâlder fan Kultuer, Germ van Essen.
Syn handeling wie: it oanstekken fan in lont, wêrtroch in stik fjoerwurk eksplodeare fanút it metalen monumint, wat hjoed de dei noch stiet te pronkjen foar de soas.
It moaie fan dat omgnúven yn dy âlde Havensbanken, is dat ik pas sûnt dit skriuwen te witen kommen bin wat dizze misleare sinnewizer no eins betsjut.

Het centrum van dit abstracte beeld, wordt gevormd door een cirkel, voorstellende ons dorp Warga. In deze cirkel komen 2 pieken samen, voorstellende de beide torens, die samengroeien tot een hechte eenheid.
De jeugd heeft met dit beeld de eenheid in ons dorp willen aangeven zonder te letten op godsdienst of politieke kleur.

Om ‘t de ferbouwing noch lang net folslein wie is “ons geesteskind jeugdsoos SZDRNZLL” pas op 13 novimber fan dat jier “echt” iepen gien.
Tsja, dêr ha je wer sawat, de namme! Der mocht gjin alkohol skonken wurde, mar om sa ‘n namme te betinken dan moatte jo neffens mij dochs wol wat geastferykende spiritualiën yn ‘t krop ha.
Yn ‘e ôfrûne jierren is der hiel wat filosofeare, wat as SZDRNZLL no ynhâld. Is ‘t dochs blomkoal yn ‘t Russysk of de foarletters fan ‘e oprjochters? No dat letste wol ik ûntstride, as jo moatte goed mei kryptogrammen of Sudoku’s oerwei kinne, want ik kin ‘t net betinke hoe je út de rige nammen fan de inisjatyfnimmers op dizze kombinaasje fan letters komme.
Wa it wit, mei it sizze!
En wa binne no dy inisjatyfnimmers, dy ‘t foar, al 40 jier, ferdivedaasje foar de âldere jeugd  hjir te uzes soarge hat: Gerard van Drooge, Sietze Bergsma, Johannes de Boer, Simon Bergsma, Rom Tijsma, Oenze Dijkstra, Henk Wielinga en Harry Feenstra. Dus âlden as jo bern wat oan ‘e lette kant thús komt, om’t dy wer noflik tahâlden hat yn de soas, yn begjinsel binne dizze mannen dêr ferantwurdlik foar!
Mar dochs wol ik dit stel tank sizze út namme fan de ferskate generaasjes dy ‘t de ôfrûne 40 jier yn ‘e soas omslein ha en no noch omslaan, mei in protte nocht en wille.

Yn ferbân mei dit jubeljier is der in kommisje yn ‘t libben roppen dy ‘t yn nauwe gearwurking mei it bestjoer fan hjoed-de-dei tal fan festiviteiten organisearje sille en ek al wat dien ha, lykas: Oeral yn Wergea, yn gearwurking mei de Kulturele Kommisje.
En dit stiet der noch op priemen: dit wykein (25/27 juny) dat jo dizze Havensbank krije is der it slútingswykein, mei op sneon 26 juny Streetsoccer op it eardere Fricoterein.
En de klimaks komt yn ‘t wykein fan 25 en 26 septimber, mei ûnder oaren in (net te fermijden) reunie fan bestjoersleden. Mear dêroer sille jim wol gewaar wurde in folgjende Havensbanken.

Mathijs
 

Wergea 600

logo wergea 600

Dit jaar bestaat Wergea 600 jaar! Noteer alvast in je agenda: de feestweek is van 19 tot en met 28 augustus 2022. Check hier de website: wergea600.nl

Bedrijven
    
Tweets

05-05-2022 20:25
RT @vvWarga: Het verslag en alle foto's van Warga 4 - DTD 4 staan nu op https://t.co/KlhyuybMVn Er staan inmiddels zelfs beelden van deze w…


05-05-2022 20:25
RT @BakkerijdeBoer: ❤ Het is bijna moederdag ❤ Een moederdagsnitte, aardbeienslof, aardbeienschelpje of een vers suikerbroodje met een cro…


27-04-2022 10:08
RT @teatsen: De opgave voor het Wytze Veenstra Wergeaster Kampioenskip Teatsen staat online @ https://t.co/HBpFXy1lPU https://t.co/HhspT4RC


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.