logo wergea 600

Dit jaar bestaat Wergea 600 jaar! Noteer alvast in je agenda: de feestweek is van 19 tot en met 28 augustus 2022.

Skoalfeest 2010

Fuort nei de simmerfekânsje koest it oeral  al wat fernimme. Drokte yn en om Wergea.

In soad ynwenners  by wa’t hiel gau de fekânsje  net mear op de foargrûn stie. Fregest hoe ist en ferwachtest in praatsje oer de fekânsje dan gie it gauris oars. Krigest antwurden as: “Ja wol swier dat weinbouwen”; “It wie justerjûn wer let”; “De buurtfersiering moat ek noch”; “Jan Sikkes hat net wat ik sykje”;“De bern komme noch te let op bêd” ensfh.  Ferfe oan de hannen en yn’t hier. De Spikerskelk krige mear klanten. Wat ik wol spitich fyn is dat de thema’s fan de weinen ek troch de buorren gean.  No bin ik ymport mar ik ha foar’t ferstân dat  de WEIN geheim bliuwe moat oant de sneontemoarn fan de optocht. No gûnsen der al hiel wat titels en sa oer strjitte.

Ek  wurd der weinboud yn de buurt. Tige gesellich fansels mar it hellet de sjeu fan jin  allerearste  reaksje wat ôf. Ast in slach troch it doarp giest wurdst der ast no wolst as net mei konfrontearre.  Miskien is it plakfinen ek wat dreech yn dizze tiid? As ha we mei syn allen gjin sin om in eintsje fan hûs te bouwen? Yn Eagum is it wat skuorren oanbelanget ek in stik minder wurden mar gelokkich koene we opnij terjochte by Jan-Teade en Lydia.  No yn de oanrin nei it feest wurd it doarp hieltyd moaier. Der komme blommen, nije fersieringen, âlde bistjes as fersiering wurde wer kreas makke en der binne in soad bûtenom oan’t himmeljen, de tún noch efkes kreas en gean sa mar troch. Ek dit jout my in dûbel gefoel. Earder tocht ik dat it merke wie as in doarp fersierd is mar yn Wergea is it  oars. Yn wezen  foar dizze iene dei wurd it hiele doarp optúcht(begryplik foar it feest fan de Twamester) en mei de merke is it mar in deade boel wat dit oangiet.  Mar dan is it safier. En mar moai ek want der rinne in soad âlders op it toskfleis. 

Freedtemiddei, feest op it skoalplein foar alle matroazen fan de Twamester. Mei help fan team en âlders is it hiel gesellich om te sjen hoe’t de bern  harren best dogge op de spultsjes. Freedtejûn sille grif de leste omballingen oan de weinen, groepen en klean  dien wêze. Noch 1 koarte nacht…….. Dan sneontemoarn 4 septimber, in strieljende sinne net tefolle wyn de omstandigheden kinne net  better.  Ierebetiid fan bêd, al gau nei  de kantine fan Wymenga yn de Frico en sminke! Grappich om te sjen dat der om 7.30 al aardich minsken en bern op strjitte omrinne en fietse en dan gau by ien yn hûs strûse foar de ferklaaierij. It wie best in toer om al ús” wite Eagum-bern” om te toverjen  yn Afrikanen mei in moai brún fel. Mar hawar ek dat slagget. We ha wol dreger putsjes hawn dizze skoalweintiid. Dan opstelle. De earste yndruk wurd foarme. Fragen komme op de bouwers ôf, “Wat is de betsjutting fan jim wein?” ; “Hoe ha jim dat makke?” It is dochs ferhipte lestich om wêrst as buurt al in skoftke mei dwaande bist en de ins en outs fan kinst op de iere moarn oan in oar te fertellen.De Kriich en de Drum en Lyraselection stelle op. De bern binne oan’t waarm draaien, dûnsjen en sjongen op harren wein as yn de groep as inkeling. De stoepen steane fol mei fans, pakes, beppes en belangstellenden. Nei in wolkomstwurd fan meester Theo giet it oan. Wat in moaie optocht. 6 inkelingen, 4 groepen foarop. Ik ha respekt foar dizze bern want ast de optocht rinne moatst as in karre lûke dan is Wergea hiel grut! Dêrnei komme de 14 weinen. Machtich moai om te sjen hoe as de weinen foar it ljocht komme. Docht alles it??? Gean de bern dwaan wat de âlders hoopje en ynstruearre ha? En fansels past it oeral by lans? 

Miskien kin oankommend skoalfeest de Grutte Buorren earder rom?  Yn ien wurd wie it in prachtige optocht. Der is te sjen dat der flyt op dien is.  Gjin buurt hat him der mei in rommeltsje ôfmakke.  Dan komme fansels ek de kompliminten, de krityk en it ynskatten fan de kânsen op in priis. Middeis ha we fanút de Bidler oan’t puzzeljen west. Prima te dwaan dizze kear en mei in ysko healwei gie it best.  Dan op de neimiddei opnij de weinen foar’t ljocht en opstelle. 

Meester lêst it juryrapport foar. “De jury was erg onder de indruk van de sfeer en hoe het schoolfeest leeft in Wergea…………………etc.  Ja allegear aardich om te witten mar wa hat de priis? Der wurd earst noch sein: “As der in oare jury west hie wie der ek in oare priis”. By de inkelingen is de priis foar Chantal mei har “Oanlûke”;  Jinka en Wieger winne mei de Zon als energiebron. By de weinen is it Lyts Sinia dy’t mei de priis nei hûs mei. Wat in ear foar it wurk. Ik ha dizze kear in soad minsken heard dy’t har ôffreegje op hokfoar wize de jury ta de priisferdieling komt. Wat binne de kriteria?  Hoe’t it ek is, as  ik sjoch nei de wille dy’t de bern mei de optocht hienen, en yn de oanrin  nei  dit wykein de minsken yn de buurten dan is  dat wêr’t it om giet fansels.  Dan op hûs oan mei de wein. Ús Olivuzela is ûnder plysje-eskorte op Eeagum oangien. 

It kaam krekt sa ut dat de plysje der wie. Mar moai ek want it waard roettsjuster. Dan in borrel mei hiel Eagum. Buorfroulju dy’t  mei in panterdoekje op de holle fan de gliidbaan geane en dan lekker op bêd! Sneins útsliepe en dan middeis op nei Warstiens foar de puzzeltocht “Ried wat der stiet.” Mei dit moaie waar kin neat stikken en it is dan ek tige gesellich hjir. In hiel stel feestweinen komme hjir op ta. Dan as ôfsluter nei de Bidler foar it Familiefeest.  Lekker drok, neiprate oer alles wat west is en ekris mei wat oaren jeuzelje as mei de eigen buurt. Hooplik hat it wat opsmiten foar Túch en dus foar de skoalbern. Oant safier.Oant oer twa jier.
Franciske
 

Wergea 600

logo wergea 600

Dit jaar bestaat Wergea 600 jaar! Noteer alvast in je agenda: de feestweek is van 19 tot en met 28 augustus 2022. Check hier de website: wergea600.nl

Bedrijven
    
Tweets

05-05-2022 20:25
RT @vvWarga: Het verslag en alle foto's van Warga 4 - DTD 4 staan nu op https://t.co/KlhyuybMVn Er staan inmiddels zelfs beelden van deze w…


05-05-2022 20:25
RT @BakkerijdeBoer: ❤ Het is bijna moederdag ❤ Een moederdagsnitte, aardbeienslof, aardbeienschelpje of een vers suikerbroodje met een cro…


27-04-2022 10:08
RT @teatsen: De opgave voor het Wytze Veenstra Wergeaster Kampioenskip Teatsen staat online @ https://t.co/HBpFXy1lPU https://t.co/HhspT4RC


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.