puzzelWergeaster digitale website puzzel 2011

Hoe wurket it?

Dat stiet yn de Havensbank fan novimber, mar hjirûnder ek noch efkes yn it koart.

De oplossing fan de puzzel is ien (lang) wurd.

De earste goeie oplossing is priiswinner en út alle goeie oplossings wurdt ek noch in winner bekend makke. Earst in foarbyld.

Fraach x: Wat is de namme fan de skriuwer fan stikjes oer rare fiten yn it Wergeaster fabriek.

Antwurd: Sybren van der Vlugt

De 3de letter komt op it 12de plak.

Dit betsjut dat yn it wurd dat wy sykje de 12de letter in B is.

En sa komme der krekt safolle fragen as der letters binne. En op it lêst is it wurd bekend! Mar as jo it wurd al earder witte, dan kinne jo fuort de oplossing trochjaan fia de mail: info@wergea.com.

In protte súkses!

(O ja, alle Havensbanken fan dit jier steane op de Wergeaster site (sjoch oan de linker kant fan dizze side)

Fraach 1

Yn hokker nûmer fan de Havensbank komt de adfertinsje foar "en ha jo de balen fan mollen op jo hiem" Graach de 4de letter (fan de moanne) op it 8ste plak.

Fraach 2

Yn lykwicht is Dirkje Swierstra net allinich massage therapeute mar derneist ek ......docente.

De 8ste letter , komt op plak 13.

Fraach 3

Yn it april nûmer stiet in artikel oer turners fan Udi, hja pleatsten har foar de heale finale fan it NK. Welke plaknammen wurde neamd in dit artikel?

De 23ste letter op plak 4.

Fraach 4

In midwinterconcert waard hâlden yn 'e Bidler mei it Fries Jeugd Harmonie Orkest en it Symfonisch Harmonie Orkest Fryslân ûnder lieding fan ...........( namme )?

De 6de letter, komt op plak 12.

Fraach 5

Yn ferskate Havensbanken stean artikels fan in "ald"redaksjelid , fan syn hân binne bygelyks dy oer Gerrit Bakker en Rudmer van der Meer. Wa is dizze bysûndere en aardige man mei sa folle poëtyske wurdepreal.

Hjir graach de 2de letter fan syn namme. Komt op plak 17.

Fraach 6

By A.Wobbes Bloembinderij v.o.f. kinne jo telâne foar û.o tún oanlis en wat noch mear?

Hjir de 2de letter op plak 18.

De kommende wiken mear fragen…

Hâld de site yn de gaten!

Bedrijven
    
Tweets

28-02-2019 08:11
@vvWarga: RT @detwamester: 19 maart open dag! U bent van harte welkom van 8.30u tot 15.00u #Wergea #opendag #basisschool https://t.co/cwCoT9UNui


28-02-2019 08:11
RT @detwamester: 19 maart open dag! U bent van harte welkom van 8.30u tot 15.00u #Wergea #opendag #basisschool https://t.co/cwCoT9UNui


27-02-2019 07:59
RT @SinnemaFloris: Ze hebben het allemaal maar over die rode kaart bij Surhuisterveen tegen Warga, maar laten we het eens hebben over die r…


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.