sutelaksje alg 002Wergea - Sutelaksje Fryske Boek op sneon 13 oktober
Foar de fjirde kear yn de nije opset sille we mei de Fryske boeken by de doaren del. We komme wer op de fertroude tiid, sneon 13 oktober tusken 11.00 en 14.00. Fanút Us Doarpshûs sille de sutelders mei de kroaden fol boeken by jo del komme. Ek it bûsboekje is der wer by! Om bewenners yn ús doarpen entûsjast te meitsjen foar de nijste Fryske boeken, wurdt der in wike fantefoaren in folder mei ynformaasje ferspraat. Mochten jo sneons net thús wêze, dan kinne jo ek in bestelbon opstjoere.

Ek dit jier is der rûnom yn de provinsje sutele. Yn gearwurking mei de stifting Boeken fan Fryslân hat skriuwer Ferdinand de Jong it suteljen fan Fryske boeken wer oppakt. Yn Wergea fersoarget Filmkafé Bagdad de sutelaksje. In pinautomaat is oanwêzich foar it gefal minsken gjin kontanten yn hûs hawwe. Jo kinne ek delkomme yn Us Doarpshûs tusken 11.00 en 14.00.
Sjoch foar mear ynfo oer alle sutelaksjes op: www.facebook.com/Sutelaksje.

Rimmy Tijsma-Sinnema – 058-2551839
Frans Slaterus – 058-2552979

Bedrijven
    
Tweets

19-10-2018 19:11
Voorstelling 17 november uitverkocht! Ook de andere weekendavonden gaan snel. https://t.co/5wXbMyhKGm


19-10-2018 19:08
RT @vvWarga: Zaterdag de 1e schutjaspartij van dit seizoen. Aanvang om 19.30 uur. Ook op deze avond een "proeverij" en een speciale Food Ma…


14-10-2018 07:05
RT @BakkerijdeBoer: Wij zijn per direct opzoek naar een zelfstandig ervaren broodbakker voor 32 uur in de week, voor minder uren mag ook ?…


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube