Lees al het corona-gerelateerde nieuws wat betrekking heeft op Wergea op dit overzicht: https://www.wergea.com/home/corona-nieuws

logo wergea 600

Volgend jaar bestaat Wergea 600 jaar! Noteer alvast in je agenda: de feestweek is van 19 tot en met 28 augustus 2022.

Tryater underwetter klPop-up restaurant Geert-Jan Vaartjes by Under Wetter

Foar de maitiidsproduksje Under Wetter wurket Tryater yn Wergea gear mei sjef-kok Geert-Jan Vaartjes en poadium De Bidler. Vaartjes, ôfkomstich fan Wergea, is ien fan de manlju achter restaurant Oan Tafel en Grand Café JAN!. Foar de foarstelling dy’t spilet op de iisbaan, fersoarget er mei syn brigade yn De Bidler in Captain’s Dinner; in wintersk miel oan lange tafels.

Om’t Under Wetter bûten Oerol inkeld yn Wergea spilet, is it mooglik om in gearwurking oan te gean mei de pleatslike hoareka. Tatiana Pratley fan Tryater: “We kamen al gau by Geert-Jan út, dy’t in soad ûnderfining yn hûs hat en him flink manifestearret mei syn nije saken yn Wergea.” Geert-Jan Vaartjes: “Ik wie fuort entûsjast doe’t Tryater my frege. Net allinne is de kombinaasje kultuer en iten my bekend, troch de NNO-konserten by Lauswolt, ek krij ik altyd in soad enerzjy fan útdaagjende fragen.” Neist syn wurk by Lauswolt yn Beetstersweach wie Vaartjes ûnder oare sjef by De Librije yn Zwolle en de Bokkedoorns yn Overveen.

 

Foarôfgeand oan Under Wetter siedt Vaartjes in klassyk, wintersk miel mei in moderne, Easterske twist. It shared dinner wurdt optsjinne yn in pop-up restaurant yn poadium De Bidler, fêstige yn de tsjerke yn Wergea. Dêr is alle jûnen plak foar 150 gasten. It Captain’s Dinner past by it tema fan Under Wetter, dat in oade is oan tal fan iisbanen yn Fryslân. De lokaasjefoarstelling is as ûnderdiel fan programmaline ‘IIS’ fan kultuertriënnale Arcadia te sjen op de iisbaan fan Wergea fan 12 oant en mei 28 maaie en fan 28 juny oant en mei 9 july. Kaarten foar foarstelling en diner binne te reservearjen op tryater.nl.

[bron: parseberjocht Tryater, foto: Lisa Snip]

Wergea 600

logo wergea 600

Volgend jaar bestaat Wergea 600 jaar! Noteer alvast in je agenda: de feestweek is van 19 tot en met 28 augustus 2022.

Bedrijven
    
Tweets

28-11-2021 21:21
RT @BakkerijdeBoer: Psssst.........guess who's back ? De Friese Derby Oranjekoek https://t.co/ZvVZWX2Zv0 #camhee #derby https://t.co/eH3O


19-11-2021 22:45
RT @vvWarga: https://t.co/o8nmISnG9m


19-11-2021 22:45
RT @popduo: Stim op ús! Gean nei https://t.co/sfxhTVpaM0" target="_blank">https://t.co/sfxhTVpaM0 en set ‘Do’ op 1! Stem op ons! Ga naar https://t.co/sfxhTVpaM0" target="_blank">https://t.co/sfxhTVpaM0 en zet ‘Do’ op1! #…


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.