Dizze trochwintere muzikanten út Grins bringe in sfearfol repertoire fan Country & More. Se spylje namelik net allinne country, mar ek nûmers dy’t der ticht tsjinoan lizze. 
 
Mei de bandleden Derk de Vries (basgitaar & sang), Daan Sahetapy (gitaar & sang), Woody vd Woude (gitaar & sang), Henk Vrieling (slachwurk & sang), Anne Doedens (steelgitaar & sang), Raymond Paré (mondharmonica & sang) en Karin Kempenaar (sang) bringe se meielkoar sa’n 50 jier oan muzikale ûnderfining. Dus dat belooft in moaie muzikale dei te wurden!
 
Mochten jo tinke dy namme “The Kentucky Grasshoppers” komt my wol bekend foar, dan komt dat wierskynlik trochdat se ôfrûne Wergeaster merke op de tongersdei yn de jeugdsoos in prachtich optreden jûn hawwe. Hjirby waard der ek al in soad dûnse!
 
Dus kom allegearre gesellich wer nei it DH Muzyk | Kafee op snein 13 april! Ynrin fanôf 15:30 en de entree fansels wer fergees.

Oant dan,
Ruurd Sinnema, Jan Tijsma, Rick Heida & Lycke Wijbrandi
Bedrijven
    
WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.