Snein, healwei trijen. Op it gersfjild neist de Bidler yn Wergea is in moai 'stilleven' te bewûnderjen. In grut poadium, sünder minsken, mar mei mikrofoans, audio-apparatuer, alder-hande muzykynstruminten en in fjouwertal gitaren dy't rjochtop tsjin de wand stean. In foarboade fan in bysûndere muzikale middei dy't efkes nei trijen fan start giet.

WERGEA - Snein, healwei trijen. Op it gersfjild neist de Bidler yn Wergea is in moai 'stilleven' te bewûnderjen. In grut poadium, sünder minsken, mar mei mikrofoans, audio-apparatuer, alder-hande muzykynstruminten en in fjouwertal gitaren dy't rjochtop tsjin de wand stean. In foarboade fan in bysündere muzikale middei dy't efkes nei trijen fan start giet.

Live muzyk troch Wergeaster muzikanten en sjongérs en sjongsters. Der binne dizze middei sa'n 60 Wergeasters dy't wat hearre litte wolle. De tige fariearre spyllist is dan ek lang, hast 30 nûmers: fan stevige rocknûmers fan De Golden Earring en De Dijk, oant rêstige ballads fan bygelyks Krezip en meisjongers fan André Hazes of Nick & Simon. Bekende nûmers lykas New Kid in Town fan The Eagels of in nûmer fan de minder bekende Ben Harper, it komt allegearre foarby dizze middei. It nivo fan de útfierings lei oer it generaal heech, it docht bliken dat der in protte écht goeie muzikanten en fokalisten yn Wergea wenje. De goed 400 taskôgers koenen dan ek mei elk har eigen favorite wyske yn 'e holle op hûs oan. Wat efterbleau wie in hiel oar 'stilleven': folle jiskepûden en plastik bekers, kartontsjes, papier oeral op it gers...

20080603wergealive.jpg

(Foto: Pier van der Heide).

(bron: Mid Frieslander dinsdag 3 juni 2008 wmm)

Bedrijven
    
WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.