logo wergea 600

Dit jaar bestaat Wergea 600 jaar! Noteer alvast in je agenda: de feestweek is van 19 tot en met 28 augustus 2022.


Toanielferiening Nut en Nocht Wirdum

Nut en Nocht spilet op 24, 25 en 26 jannewaris, yn de Golle te Wirdum, de healwize komeedzje/klucht “Wát in teater”

Wát in teater is in komeedzje dy’t yn Amearika en Ingelân ûnder de titel “Noises off” yn alle ferneamde teaters opfierd is. Tryater hat yn it ferline, it troch Tryntsje van der Zee oersette stik, mei grut súkses foar it fuotljocht brocht. It stik is ien fan de moaiste, mar grif ek dreechste kluchten om te spyljen. It is in grutte útdaging foar my as regisseur, mar seker ek foar de spilers en de bouploech. It stik spilet him foar en achter de kûlissen ôf en hjirfoar moat it dekor tiidens it skoft draait wurde. Trije kear wurdt de foarstelling út in oar perspektyf wei spile. Foar de spilers en publyk in hiel apart aventoer.

Klik op 'lees meer' of op de poster foar ynformaasje oer de kaartferkeap.

Nut en Nocht pakt dit jier grut út mei it dekor. Der is in dekorûntwerper oanlutsen en in bouploech gearstald om it metershege dekor te bouen. Wy repetearje mei dit dekor op in lokaasje yn Grou om’t wy de Golle net sa lang yn beslach nimme kinne. Wy hoopje dat wy der, nei “Gouden Hantsjes”, “Ien fleach oer it koekoeksnêst” en “Bêdgeheimen”, wer yn slagje sille om jimme in skitterjende jûn te besoargjen.

It stik “Wát teater” is eins in toanielstik yn in toanielstik. It stik “Neat om it liif” wurdt spile troch in ploechje toanielspilers ûnder lieding fan in “Hollanske” regisseur. It is in stik dêr’t jonge froulju omfleane yn ûnderguod, manlju harren broek sakje litte en in protte doarren iepen en ticht fleane. It spilet him ôf yn it riante ûnderkommen fan in Skriuwer yn de santicher jierren. Yn it earste bedriuw sjogge we de generale repetysje, wylst de spilers eins noch net iens ta binne oan de premiêre. In moanne letter, yn it twadde bedriuw, wurdt in matineefoarstelling jûn. Dan sjogge we de spilers achter de skermen. It tredde bedriuw is sa’n bytsje de lêste foarstelling, alle spilers hawwe der mear as genôch fan. Spilers en publyk wurde hieltyd op it ferkearde spoar setten. Grif in noflike toanieljûn.

Jenny Hoekstra, regisseur.

Kaarten binne te bestellen fia H. Wagenaar: tel 058-2551354

Wergea 600

logo wergea 600

Dit jaar bestaat Wergea 600 jaar! Noteer alvast in je agenda: de feestweek is van 19 tot en met 28 augustus 2022. Check hier de website: wergea600.nl

Bedrijven
    
Tweets

05-05-2022 20:25
RT @vvWarga: Het verslag en alle foto's van Warga 4 - DTD 4 staan nu op https://t.co/KlhyuybMVn Er staan inmiddels zelfs beelden van deze w…


05-05-2022 20:25
RT @BakkerijdeBoer: ❤ Het is bijna moederdag ❤ Een moederdagsnitte, aardbeienslof, aardbeienschelpje of een vers suikerbroodje met een cro…


27-04-2022 10:08
RT @teatsen: De opgave voor het Wytze Veenstra Wergeaster Kampioenskip Teatsen staat online @ https://t.co/HBpFXy1lPU https://t.co/HhspT4RC


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.