sutelaksje alg 002Wergea - Sutelaksje Fryske Boek op sneon 13 oktober
Foar de fjirde kear yn de nije opset sille we mei de Fryske boeken by de doaren del. We komme wer op de fertroude tiid, sneon 13 oktober tusken 11.00 en 14.00. Fanút Us Doarpshûs sille de sutelders mei de kroaden fol boeken by jo del komme. Ek it bûsboekje is der wer by! Om bewenners yn ús doarpen entûsjast te meitsjen foar de nijste Fryske boeken, wurdt der in wike fantefoaren in folder mei ynformaasje ferspraat. Mochten jo sneons net thús wêze, dan kinne jo ek in bestelbon opstjoere.

Ek dit jier is der rûnom yn de provinsje sutele. Yn gearwurking mei de stifting Boeken fan Fryslân hat skriuwer Ferdinand de Jong it suteljen fan Fryske boeken wer oppakt. Yn Wergea fersoarget Filmkafé Bagdad de sutelaksje. In pinautomaat is oanwêzich foar it gefal minsken gjin kontanten yn hûs hawwe. Jo kinne ek delkomme yn Us Doarpshûs tusken 11.00 en 14.00.
Sjoch foar mear ynfo oer alle sutelaksjes op: www.facebook.com/Sutelaksje.

Rimmy Tijsma-Sinnema – 058-2551839
Frans Slaterus – 058-2552979

Tusken Twa TuorrenTWT detail

De repetysje binne los! Noch in wike of seis dan is it al safier; it Under de Toer projekt fan Wergea. De lêste yn in rige fan 32 stiks. En wat in útdagingen lizze der by de tariedingen! Meardere lokaasjes, sawol binnen as bûten, alle leeftiden fan jongerein oant (relative) âlden fan dagen, alderhande kulturele sjenres; toaniel, muzyk, dûns. En dat allegearre yn ien stik!

Kaartferkeap
Foar de minsken dy't de earste kaartfrkeap mist ha, is der goed nijs: de online foarferkeap is begong. Fia de site www.noordersmederij.nl kinne no kaarten besteld wurde.

Op deselde site fine jo ek it lêste nijs. It snelle, up-to-date en koarte nijs is foaral te finen op ús Facebook side (@tusken2tuorren).

Bedrijven
    
Tweets

10-02-2020 23:40
RT @vvWarga: a.s. Zaterdag de After Valentijns schutjaspartij. Aanvang 19.30 uur. Opgeven VOOR zaterdag bij Floris. https://t.co/uzpCg80R4s


10-02-2020 23:40
RT @popduo: #Snein 16 febrewaris 2020 15.30u Weima & vd Werf yn it #Frysk live yn #Lewinski #Snits. Tagong fergees! Dernei lekker ite... #…


11-01-2020 21:02
RT @vvWarga: Opgave WK Schutjassen is nu geopend. WK op zaterdag 25 januari. Info en opgave 06-49704323 https://t.co/D6qPbNX29k


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.