Bou starterswenten Wergea mei trochgean fan de Ried fan Steat
Der meie seis startershuzen boud wurde oan de Kerkbuurt yn Wergea. Omwenners fine dat de huzen heger wurde as dat de regels tastean en binne ek benaud foar ferkearsoerlêst en parkearproblemen. De Ried fan Steat is dat net mei har iens.
De huzen meie mei acht en in heale meter dan wol 41 sintimeter te heech wêze, mar de steatsried fynt dat gjin probleem. De omwenners soene dêr gjin lêst fan hawwe. Ek mei de ferkearsoerlêst en parkearproblemen falt it neffens de ried wol ta.
08 aug 2018 - 13:48 Overgenomen van thusside Omrop Fryslân
-
- Gepubliceerd: 09 augustus 2018
- Categorie: Diversen nieuws
Dit jaar bestaat Wergea 600 jaar! Noteer alvast in je agenda: de feestweek is van 19 tot en met 28 augustus 2022. Check hier de website: wergea600.nl
05-05-2022 20:25 05-05-2022 20:25 27-04-2022 10:08 |
Volg ons op Twitter: @wergeacom