Op 12 maaie komme Tiffany & The Rhythm Boys yn it lêste Wergeaster muzykkafee foar de simmerfekânsje en dat wurdt ek wer prachtich!
De measten kinne Tiffany faaks better as Tjits Vlog op Omrop Fryslân. Se lit no in hiele oare kant fan harsels sjen as de talintearre frontfrou fan dizze Rockabilly band.
Rockabilly is soarte fan foarrinner fan rock-'n-roll en it skuorret ek wol wat tsjin de country oan. De ferneamdste rockabillyperformer wie fansels Elvis Presley yn syn begjinjierren.
Wy sjogge jim wer hiel graach ferskinen!
DH Muzyk | Kafee
Datum/Tiid: 12 maaie / 16:00 - 20:00 (seal iepen 15:30)
Tagong: altyd fergees
Lokaasje: Us Doarpshûs
-
- Gepubliceerd: 08 mei 2024
- Categorie: Diversen nieuws