Lees al het corona-gerelateerde nieuws wat betrekking heeft op Wergea op dit overzicht: https://www.wergea.com/home/corona-nieuws

tusken 2 tuorren

Wy rinne mei ús ljochtsje
nei alle hûzen ta.
En wolle graach wat lekkers
yn’ e bûse ha.

It mei fan alles wêze
fruit en drop en sa.
Wy geane dan wer fierder
en sjonge tra la la.

Mar dat sil dit jier al oars as oars wêze. Troch alle opleine maatregels fanwege it Coronavirus hat OBS De Twamêster besletten om de Sint Maarten optocht dit jier net troch gean te litten. In wiis beslút, hoe spitich ek. Dit sil ek betsjutte dat net alle bern dit jier mei harren lampions by de doarren del gean.

Twa jier lyn gie op 11 novimber de foarstelling Tusken Twa Tuorren yn premjêre. In foarstelling oer en mei de Wergeaster mienskip rûnom de Sint Martinustsjerke. Mear as 300 minsken ha dêr by belutsen west en ien fan de boadskippen fan it stik wie ‘diele’. Dat ha wy doe mei syn allen dien, en dat wolle we no as organisaasje wer dwaan. No’t de bern net by ús komme kinne, moatte wy op 11 novimber mar by de bern komme!

Op 11 novimber tusken 17:00 en 19:00 sil de Jan Plezier troch de beboude kom fan Wergea ride. As de bern mei harren lampion yn de doariepening ferskine dan wurdt harren, coronaproof, in pûdsje mei lekkers oarlange.

In lyts ljochtpuntsje yn dizze frjemde, tsjustere tiid.

Jeugdsoos SZDRNZLL
Merkekommisje
Team Tusken Twa Tuorren

Bedrijven
    
Tweets

23-05-2021 20:38
RT @vvWarga: Strik je veters! SJO Warga/WWS doet mee aan de Sponsorloop van SC Cambuur. Je helpt niet alleen je eigen club, maar je maakt z…


23-05-2021 20:36
RT @popduo: Vanmiddag waren we even live op @OmropFryslan radio. Noardewyn 'Light' met @WillemWaldpyk vanuit popzaal @Neushoorn. We speelde…


04-05-2021 13:52
RT @vvWarga: VV Warga feliciteert oud Warga speler Wesley Dijkstra met de opening van Supermarkt Wergea. Het ziet er allemaal keurig uit.…


Ouder >

Volg ons op Twitter: @wergeacom

WergeaTV

 

Klik op het logo voor alle video's
van WergeaTV op Youtube

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.