De Emigrant mei Freark Smink en Theo Smedes yn Wergea
Op tongersdei 21 maart om 20:00 oere spylje Freark Smink en Theo Smedes teaterfoarstelling De Emigrant fan stichting Pier21 yn De Bidler yn Wergea. Kaarten binne te bestellen fia kkwergea@hotmail.com.
De foarstelling is oant en mei 11 maaie rûnom yn Fryslân te sjen, bygelyks ek op 18 april yn Jirnsum en op 3 maaie yn Reduzum. Mear ynfo en kaarten op www.de-emigrant.nl.
De Frysktalige teaterfoarstelling De Emigrant, skreaun en regissearre troch Romke Toering foar stichting Pier21, fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas (Freark Smink), in emigrant dy’t goed fyftich jier lyn yn sân hasten de oséaan oerstuts nei Kanada. Hy hat it as emigrant net maklik hân. Mar it is him slagge om in ridlik grut en goedrinnend boerebedriuw op te bouwen. De Haas hat noait wer nei it heitelân werom west. Hy woe net, seach der tsjin oan, wie der faaks wol bang foar. No’t er út it wurk is, is der gelegenheid om oan de winsk fan syn ferstoarne frou te foldwaan: hy makket in trip nei syn roots yn ‘e Greidhoeke. De soan (Theo Smedes) sil him foar it earst mei de melkerij rêde. Twa aventoeren tagelyk. De reis nei it heitelân wurdt foar de emigrant oan alle einen en kanten konfrontearjend.
[Foto: Jan Bensliman|webwerkt.nl.]
Stichting Pier21 is in nije, troch teaterprodusint David Lelieveld en akteur Theo Smedes oprjochte stichting dy’t teaterfoarstellingen produsearret. Pier21 de ambysje har foarstellingen ek yn it bûtenlân te spyljen De namme fan de stichting komt fan it plak dêr’t Nederlânske emigranten yn Kanada oan lân kamen: Pier nûmer 21 yn Halifax. It bestjoer fan stichting Pier21 bestiet út Hylke Speerstra, Henk Hoen en Jan Jongsma (Burgum).
It idee en inisjatyf foar De Emigrant komme fan David Lelieveld. De tekst is skreaun troch Romke Toering, dy’t de foarstelling ek regissearret. De rollen binne foar Freark Smink en Theo Smedes. Yn de foarstelling binne lietteksten fan Baukje Wytsma, op muzyk setten troch Clara Rullmann en songen troch Frederike Kleefstra, te hearren. Hans Brans joech fanút Keunstwurk dramaturgysk advys. Hadewych ten Berge ûntwurp it dekôr en de kostúms. It advys op it mêd fan de projeksjes yn ‘e foarstelling is fan Ekko de Bakker, it ljochtûntwerp fan Koos de Vries, it kap- en grimeadvys fan Arjen van der Grijn.
Ta gelegenheid fan de premjêre fan De Emigrant binne nije printingen fan It wrede paradys en De treastfûgel fan Hylke Speerstra by útjouwerij Bornmeer ferskynd. De oplage fan It wrede paradys, ít boek oer emigraasje, giet dêrmei oer de 50.000 eksimplaren. Yn de nije printinge is ek It ferfolch, de oanfulling op It wrede paradys, opnommen. De boeken binne ûnder mear te keap by de foarstellingen fan De Emigrant.
-
- Gepubliceerd: 16 maart 2013
- Categorie: Nieuws
Dit jaar bestaat Wergea 600 jaar! Noteer alvast in je agenda: de feestweek is van 19 tot en met 28 augustus 2022. Check hier de website: wergea600.nl
05-05-2022 20:25 05-05-2022 20:25 27-04-2022 10:08 |
Volg ons op Twitter: @wergeacom