
Ofskiedskonsert Duo Klick
Op 18 jannewaris spilet Duo Klick har alder-, alderlêste optreden. Grutsk binne wy dat dit plakfine sil yn ús DH Muzyk | Kafee.
It muzikale duo, besteande út Klaas Wijbrandi en Rick Heida, is ynmiddels yn en rûnom Wergea bekend wurden en de kâns is lyts datst se net ris tsjinkaam bist by in feest of gelegenheid.
De beide mannen ha al in soad muzikale ûnderfining. Sa begûnen se jong mei muzyk meitsjen en rekken se al gau belutsen by harren earste band Hotstop. Doe wie al dúdlik dat dizze mannen in lange, glânsrike muzikale karriêre foar de boech hiene. Klaas, as in echte Duracell-batterij, lit it publyk út it dak gean en wit fan gjin ophâlden. Rick, as rotsfêste bassist, soarget derfoar dat alles klinkt as in klok. Tegearre binne se tige goed opinoar ynspile, en dat makket se sa sterk.
Troch de jierren hinne hawwe se sa’n 160 optredens hân en wisten se oeral in grut feest del te setten. As se noch wat ekstra krêft nedich wiene by in optreden, koene se altyd rekkenje op harren ‘freonen’: Wouter Bouma (drums, ek bekend fan Hotstop), Yme Kramer (drums), Jan Wesseling (drums) en André Bergsma (toetsen). De lêste twa spylje diskear ek mei yn ’t DH Muzyk | Kafee!
Belibje it alderlêste optreden fan Duo Klick op snein 18 jannewaris yn Us Doarpshûs. Ynrin fanôf 15:30 en de entree lykas altyd fergees!
-
-
Gepubliceerd: 16 januari 2026
-
Categorie: Cultuur
-
Laatst bijgewerkt: 16 januari 2026

Geniet u ook zo van de winterse start van 2026? Wij zijn erg benieuwd naar de mooiste sneeuw/winterfoto's van ons dorp. Stuur ze in via fotowergea@pm.me en maak kans op eeuwige roem in Wergea en omstreken!
Foto's in de Lees meer... en op facebook!
-
-
Gepubliceerd: 07 januari 2026
-
Categorie: Foto's
-
Laatst bijgewerkt: 09 januari 2026
Lees meer …Winter in Wergea foto-inzending

HET IS WEER TIJD VOOR EEN AANVRAAG BIJ DE STCHTING HVS IN GROU.
Het afgelopen jaar 2025 heeft de Stichting HVS weer vele aanvragen uit Grou, Idaerd, Eagum, Reduzum, Friens, Warten, Wergea, Warstiens en Jirnsum mogen ontvangen en gehonoreerd.
Voor 15 februari 2026 a. s. kunnen de bewoners van bovengenoemde dorpen weer een financiële aanvraag doen bij de stichting HVS te Grou.
Lees meer...
-
-
Gepubliceerd: 06 januari 2026
-
Categorie: Diversen nieuws
-
Laatst bijgewerkt: 06 januari 2026
Lees meer …Het is weer tijd voor een aanvraag bij de Stichting HVS in Grou