- Details
- Categorie: De Havensbank
- Gepubliceerd: 06 maart 2008
- Laatst bijgewerkt: 06 maart 2008
Toe ju....doch ris wat!
Op dit mêd hoeche we Halbertsma neat bij te bringen. Meitsje it mar wer foarelkoar om in joun alles út é kast te heljen om it ferwende Wergeaster publyk te fermeitsjen. Dit jier is keazen f oar yn klucht yn twa bedriuwen. 6 spilers, in regisseur en in kloft minsken derefter om wat moais del te setten. It stik spile him of yn in frijfeintef lat yn Amsterdam. De flier roun wat ôf om alle sjoggers in goed byld jaan te kinnen wat him ôfspilet. Retro-styl ynrjochting.
Freedtejoun roun de klok fan seizen sjoch ik in pear spilers mei strakke kopkes rjochting Bidler gean. Wat giet der yn harren holle om? De lapen tekst dy't der no dochs sa útrôlje moatte? Sneons iepent Remco de joun, hjit de karkommisje wolkom en makket der fierder gjin wurden oan smoarch. Der komt ús hiel wat foar eachen. It giet oer in sake-famylje mei twa soannen. De âldste, Aldert, hat him al loswrotten fan thús en libbet it libben yn de grutte stêd mei alles derop en deroan. De twadde soan, Beerke, wenne noch thús en is de hoop fan heit en mem Bovenlander. Foar de âlders is de saak yn plestik fruit tige wichtich. Prachtich hoe't dit yn de oanklaaing fan heit en mem weromkomt. Heit mei in fruitige strik en pochet en mem mei 'm troske nep-druven op't boarst. Mem is boppedat de direkstrise fan har eigen wenkeamer. Yn dit stik wurde in soad keuzes makke. It begjint mei Aldert en stoeipoes Peggy dy't werom komme fan in pear dagen yn é snie. Mannich seks-stjoerder soe it gehym fan dizze twa sa hearre litte kinne. Peggy rint echt oer fan leafde.Mar miskien leit Aldert syn hert dochs tichter bij Conny? Broer Beerke wit dan ek net yn hokfoar wrâld er terjochte komt as hy in dei nei syn 21e jierdei by Aldert ynlûke wol. Aldert belûkt him yn dit rike libben fan frije froulju, djoere restaurants en ofspraakjes. Uteinlik slagget it Beerke om jouns de fruchten fan it echte libben te genietsjen.
Beerke is foar it skoft in echt rikeljues-jonge. Ik ha genoaten fan syn spul. Beerke wie Beerke. Mar loslitte is foar âlders en bern ek in fak apart. Hoe slagget dat sûnder heibel yn de famylje? Heit Bovenlander begrypt mar net hoe,t syn jongens sokke lummels wurde kinne. Werom is it losse libben foar syn jongens mear wurdich as it binnenheljen fan grutte oarders? Mem is tige iensidich yn it oannimmen fan tillefoanyske boadskippen foar soan Aldert. Dit makket dat se de oarder wer't heit sa hyt op is dochs noch misrinne. Mem hat it folle drokker mei har eigen mislikens en it suveringssâlt .De memme-rol wurd prachtich delset. Uteinlik sjogge we in switch yn de hâlding fan de beide bruorren. Aldert liket mei de jierren dochs wizer wurden te wêzen. It ûnderein is net mear baas en hy sil trouwe mei Conny. Ik wit net oft Conny har 87 siden slipkes ek meinimt as huwelijksschat? Beerke begjint einliks echt te libjen.
Toe ju..... doch ris wat is in klucht mar dizze joun ha ik de faasje fan in klucht mist. It lofts en rjochts eins net mear witte wat der bard. De petearen hjir en der wat langtriedderich. Ljocht en lûd prima foar elkoar. Mar dochs hat Halbertsma wer in stik foar it fuotljocht brocht dy't yn de statistieken komt. Eer foar alle tiid en it lef om hiel wat oars as ferline jubileum-jier del te setten. Ik ha my best fermakke.
Franciske de Vries

