- Details
- Categorie: De Havensbank
- Gepubliceerd: 06 mei 2009
- Laatst bijgewerkt: 08 februari 2010
De Havensbank april 2009: Wat in gedoch!
Wat in gedoch!Dat it aaisykjen syn langste tiid hân hie, dêr wiene wy as aaisykfreone-ploechje wol fan oertsjûge. Lokkich kaam der noch in frijwat yngewikkelde konstruksje Út de bus. Hawar, wy kinne noch aaisykje, mar it wurdt der allegearre net leuker op. Wat hiene wy it dan gâns nofliker yn bygelyks 1988.
1988:Ús earste dei 6 april. Elkenien hie al moannen fan te foaren frij frege by syn baas. De slútingsdatum fan it aaisykjen wie 12 april. Om 6.00 oere sammelje by ien thús, yn alle hasten in bakje kofje en alles kontrolearje. Dat wol sizze, de aaisikerskaart, wc papier, reinklean foar de wissichheid en it kladblokje. Want as dy iene auto ferkasse woe, wylst de mannen fan de oare auto noch yn it fjild wiene, dan wie in briefke efter de rutewisker in útkomst. Der wiene gjin 'ganzengedooggebieden', wy seagen noch in protte pinksterblommen, in inkele boer mei in jarretank, it wiene prachtige dagen. Jûns om sân oere thús. Wy fûnen yn fjouwer dagen 44 Ijipaaien en 21 skriesaaien (net meinommen).
2009: Ús earste dei 20 maart, Yn alle hasten elkenien belle dat wy mar better in wike earder it lân yn moasten fanwege it kwotum. Grutte panyk, de ien koe wol frij krije, de oare net. Wat in gedoch! Om 6.30 oere sammelje by ien thús, je wurde wat âlder! By in bakje kofje earst alles kontrolearje. Wat moat we meinimme it lân yn? De GSM (check) beltegoed (check). Docht er it wol? Dus in sms ferstjoere mei "test spatie aai". Antwurd: goedgekeurd (check). Is de aaisykkaart en neisoarchpas wol yn de jas? Legitimaasje derby. Foar de wissichheid ek noch mar de neisoarchpas fan ferline jier mei. Ien fan ús hie der ek noch mar in fiskakte bydien. It wie al 07.00 oere! Dernei nel de kompjûter en klikke op www.aaisykien.nl hoefolle Ijipaaien der al fûn wiene. Dan nei www.buienradar.nl y.f.m. it meinimmen fan reinklean. Eltsenien giet dernei noch mar efkes nei it húske. As je yn it lân nedich moatte is it wol wat in gedoch, al is it wol sa, dat je sokke dagen troch in sleat kofje, frijwat hurd op de keutel binne. It is 07.20, wy gean fuort. Der binne wer mear "ganzengedooggebieden" bykommen, dêr't gjin goes sit. Alle pinksterblommen binne fuort. Leanbedriuwen yn it lân mei grutte sleepslangen, ferbân mei de soadebemester. Wy ha gjin skries sjoen! De lêste dei, snein 22 maart. Om 09.48.35 krigen wy in sms fan de BFVW dat it kwotum fan 6431 Ijipaaien berikt wie. Ophâlde mei sykjen!! Wy wiene om 13.00 oere th?s.
Troch alderhande regels wurdt it aaisykjen slim beheind de lêste jierren, mar foarop stiet dat wy noch altyd genietsje kinne fan alles wat de natuer te bieden hat yn de maaitiid, en dat is wat net ien ús ôfnimme kin!!
Troch alderhande regels wurdt it aaisykjen slim beheind de lêste jierren, mar foarop stiet dat wy noch altyd genietsje kinne fan alles wat de natuer te bieden hat yn de maaitiid, en dat is wat net ien ús ôfnimme kin!!
Henk

