- Details
- Categorie: De Havensbank
- Gepubliceerd: 26 juni 2009
- Laatst bijgewerkt: 26 juni 2009
Wergea makket (g?ns) kilometers
As jo Wergea neame, dan seit faak in net-Wergeaster; "der is altyd wol wat te r?den d?r yn Wergea". As Wergeaster witte jo net better, dat hat altyd sa west en sa moat dat ek bliuwe!.It wie wer in hektysk wykein, it tredde wykein fan juny; streetsoccer, It spektakel (Drum en lyraselection Wergea) en net te ferjitten, foar de twadde kear, it sportbarren op 20 juny; Wergea makket kilometers.
Henk en ik hiene ?fsprutsen dat wy hjir beide oer skriuwe soene, der waarden ?fspraken makke en Henk sei tsjin my dat it healwei njoggenen begjinne soe. Dus net te let derhinne, tweintich minuten oer achten wie ik op it sportfjild; mar wat in kalmte. A!bert en Rommy wiene noch mei wat materiaal oan it t?gjen, dy moasten it volleybalfjild noch klearmeitsje, Jaap van Dalen striele ek ien en al rest ?t, dit doge net. En doe kaam it hege wurd der ?t; nee, it begjint pas om healwei tsienen. Doe ha ik efkes besocht om it volleybalfjild mei klear te meitsjen, mar dat wie perfoarst net nedich, yn no time hiene Albert en Rommy, mei help fan Hindrik Fridsma, de peailen omheech en waarden de netten ophongen, ek dat wie klear. Dan mar oan 'e kofje.
Lykas twa jier lyn wurke it waar net bot mei. D?r kaam myn skriuwmaat Henk ek al oansetten en om healwei tsienen iepene de Kriich dizze dei mei inkele bekinde n?mers en hjirnei waard it wolkomswurd ?tsprutsen troch, de no yn Wergea wenjende, Lutz Jacobi, dy 't eltsenien in waarm hert tadroech en
opmoedige.
Massaal waard meidien mei de warming-uo troch de noch wat hease Marit
(Oerol) Bamboe.
Mear as 130 bern diene mei oan allerhanne sportclinics. Ek de sportskoalle F & F wie dizze kear oanw?zich mei inkele gefaarlik eagjende apparaten, der waard omraak gebr?k fan makke. Sa no en dan wer in b?ste bui sadat inkele demonstraasjes yn it wetter foelen. Hast koartsluting yn it keatskanon en bern dy vt dikke truien oanlutsen, spitich. ?
Opfallend wie it hege tal wat rypere froulju, dy 't oan de demonstraasje twirljen, noch hieltyd ?.l.f. Beitske Zwerver, meidie. Neffens ?s hawwe hja as famkes ek al twirlles fan Beitske h?n, in moai gesicht.
In blierkjende Folkert Sinnema stapte op it fjiid r?n, noch efkes en dan soe de start fan it 10 km hurddraven begjinne en Ynse Stienstra wie der noch hieltyd net, dat hy makke no k?ns om dizze wedstriid te winnen, mar sptich foar Folkert, Ynse ferskynde krekt op 'e tiid, hie gjin tiid mear om te praten en wist de wedstriid wer mei gl?ns te winnen, Folkert waard dus twadde en in spannende striid tusken Dries Gerbens en Hindrik Fridsma, waard yn it foardiel fan Hindrik beslikke, in keurich tredde plakje.
Us redaksjeiid Franciske de Vries en dat mei ek wol efkes neamd wurde, wie mei kop en skouders de b?ste by de froulju. It reinde noch hieltyd en guon rninsken makken harren op foar de rin- en fytstocht. Lokkich waard it yn 'e middei wat droeger. In demonstraasje fan Acro-gym waard sels twa kear fertoand, om't it sa moai wie, sa wie te sjen dat wy noch jierren foar?t kinne mei s?rkusteater.
Om likern?ch twa oere koe speaker Piet Kloosterman bekind meitsje dat der in nij rekord f?stige wie, mar leafst 1348,5 kilometer, wylst dat twa jier lyn 1316,2 kilometer wie.
Geweldich? Hjirmei kaam in ein oan dit bys?ndere barren, al mei al slagge, nettsjinsteande it wiete en k?lde waar. No is it mar te hoopjen dat it oer twa jier einliks ris de hiele dei sinneskyn waar wurdt om it tal fytsers en rinners g?ns ?t te wreidzjen.
Henk Wielinga en Jelle Dijkstra

