- Details
- Categorie: De Havensbank
- Gepubliceerd: 26 september 2009
- Laatst bijgewerkt: 26 september 2009

De Doarpspartij 2009, in boppeslach!!
De Doarpspartij 2009, in boppeslach!!
Op in moaie, mar dochs wat neare simmerj?n, sit in al wat ?ldere "jongkeardel" mei in gl?s wyn, by de houtkachel yn 'e t?n te deidreamen oer syn keatsskiednis. As jongeskeatser koe hy mei de besten mei op 'e ledepartijen fan KV 't Oosten en ek om ?tens, spile hij net swak by. Op 'e ledepartijen yn 'e jeugd en letter ek by de senioaren waard gans priis mei nei h?s ta t?ge. Mar wie dat it wichtichste? Fansels net! Hja hie fansels wol ris de smoar yn, om 't hja mei in twadde- as tredde priis th?s kaam, as slimmer noch.........hielendal gjin priis... Mar it wiene meastentiids allemachtichst gesellige dagen mei in kloft folk op 't fjild, mei elts jier de Doarpspartij as in hichtepunt.
In tins werom nei dejierren santich- en tachtich fan 'e foarige ieu: Moarns om njoggen oere giene de earste fingers de loft yn, as teken dat it oan gie. Beide fjilden fol mei perken fan ferskate ?fmjittings foar de ferskeidene klassen. Froulju A, B en C en manlju A, B, C ?n de "superklasse". Koartsein: alle Wergeasters- en ?ld Wergeasters fan fjirtjin oan 't h?ndertentweintich jier dy 't in keatshert hiene en it fysyk noch oan koene om in bal te slaan, stiene yn 'e greide. En op alle nivo 's waard omraak slein, klapt en butst mei as doel om oan 't ein fan 'e dei as glorieuze winner fan it fjild ?f te stappen en de j?ns op 'e boppeseal huidige te wurden mei de krans en medaljes en/of oarsoartige earetekens en oantinkens, op 'e boppeseal fan 'e kroech op it keatsbal, mei libbende muzyk.
Neist it fjild stiene hjir en d?r l?dsboksen dy 't oansl?ten wie oan in mansk "muzykapperaat", dy't parkeart stie yn de kofferbak fan in Fiat Ritmo, w?rtroch in grut part fan it oeuvre fan BZN en Abba te hearen wie.
Meastentiids (oan 't safier ik it noch betinke kin) wie it moai waar en hong der en bearegesellige sfear op en om it fjild. Sels mocht ik graach by de wat aldere manlju stean te sjen, de superklasse as 40+ sis mar, w?r't bygelyks ?s heit mei syn generaasjegenoaten (it wie wol in brede generaasje, sa tusken de fjirtich en h?ndert jier. Mar hawar....) it spultsje wat mear op it mentale flak spylje moasten, om 't de lea net sa fleksibel mear wie as in tritich-fjirtich jier d?rfoar en d?rtroch de ballen net safolle gong mear hiene as eartiids. Fansels is it mentale aspekt fan it keatsen yn alle klassen tige wichtich, mei de kop keatse hyt dat, mar de keatser op jierren moat it d?r dochs mear fan ha as in A keatser. En dan fral mei as doel de tsjinstanners mentaal te slopen. Se sloegen mekoar net allinne de ballen om 'e earen, mar ek wurden. Net alline op seis gelyk sizze: wa 't no mar moat!!! Al ditsoarte fan opmerkings, mar ek jins tekoartkommingen op keatsm?d ensafuorthinne waarden elkoar op meastentiids humoristyske wize taroppen. Om 't de measten al jierren mei elkoar keatsten, wiene dy tekoartkommingen wol bekind by inoar en koenen se it ek wol fan mekoar ha. En as d?rtroch winst helle waard, om 't de tsjinstanner de bal buten as foar sloech, as de keats net foarbij, dan wie it doel berikt. Hjirtroch waard sels in saaie partij oantreklik om nei te sjen en fral om nei te hearen foar de task?gers, dy dan ek wakker bearden en in protte laitsje koenen.
Spitigern?ch is yn de rin fan 'e jierren de nederklits der ynkommen, wat it tal dielnimmers oanbelanget en binne der sels jierren bij west dat der mar ien as twa ledepartijen ferkeatst waarden. De doarpspartij wie devalueare ta in min besochte ledepartij, wat foar mysels wol betsjutte dat ik op lettere leeftyd noch debuteare yn 'e A klasse (en ek noch de krans mei nei h?s!!!!), mar dochs, alline in froulju-en manlju klasse mei fjouwer, fiif as seis partoer, wie yn myn eagen net de namme "Doarpspartij" wurdich.
Fansels: tiden hawwe tiden en de mooglikheid ta ferdivedaasje, ek fierder fan h?s binne folie grutter wurden as eartiids. Myn generaasje en de d?r foargeande generaasjes binne opbracht mei: fuotballe en mei sterk iis reedride yn 'e winter en simmerdeis keatse.
Hjoed de dei is it oanbod fan sport safolle breder as eartiids en jo kieze fansels in sport w?r't jo je it beste yn th?s fiele. Mar ek de faktor tiid spilet in wichtige rol yn it hjoeddeiske libben, want in part fan "de minskheid" hat net safolle tiid en dat fernuvert mij dochs wolris wat, mei hjir en d?r wol in ?ts?ndering.
Eartiids hat it sa west dat men hjir op de Frico bygelyks in fjouwerenfyftich oerige wurkwike hienen. Dat halde yn dat se seis dagen fan njoggen oeren yn 't fabryk omsloegen. Dochs wiene der in protte "Friconezen" ek noch dwaande as bestjoer, frijwilliger, lid, ensafuorthinne fan ien fan de ferienings yn 't doarp. Mar hawar, sa as ik al sei: tiden hawwe tiden en men steld syn as har eigen prioriteiten, want der is hjir te uzes en fiere omkriten ek altyd wol wat te dwaan. Mar hoe en wat ek: de jongkeardel mei it wyntsje by de terraskachel, dy 't ik niiskrekt beskreaun,
prakkeseare der wat op om en tocht: wat soe it dochs wer ris moai w?ze as de doarpspartij wer in partij wurde koe, dy 't de namme "Doarpspartij" wurdich is. Net alline foar de dielnimmers, mar ek foar it bestjoer fan KV 't Oosten. Dizze minsken binne it hiele jier oan 't krewearjen om simmerdeis in pear moaie keatspartijen te organisearjen en stekke d?r mannich oere yn. De l?ste jierren wie de motivaasje der noch wol om ledepartijen te organisearen, mar as der gjin folk op ?f komt, dan wurdt de motivaasje der net grutter op.
De jongkeardel, hifke hjir en d?r wat minsken as dy ek mei dwaan woenen om in tillefoanaksje te organisearjen om safolle mooglik keatsers yn 'e homeie te krijen. En dat is slagge! Mei mekoar stiene der fjouwerenfyftich manlju en sechtich froulju op 'e list en dat resulteare yn in pracht keatsdei, dy 't wer wat de glans hie fan de doarpspartijen fan de jierren santich - tachtich. It hiele B fjild (spitigern?ch moast der fuotballe wurde op it A fjild, sadat it bjusterbaarlike effekt fan myn ?nberekkenbere opslach fertutearze troch de sydwyn en d?rtroch kaam der noch alris in bal op 'e line as justjes fierder neist) lei fol mei perken en in protte keatsers en noch mear keatsters wienen f?leindich oan it striden foar de heechste ear en dat barde mei in protte wille. Sa no en dan waard it ek wer moai opsein en waard de tsjinstander ek wat tjirge mei wat salt yn 'e w?nen as der in bal- keats as perk mist waard. Wat ek moai wie, wie dat der in pear (mei alle respekt) "oud gedienden" ut 'e kaamfer kommen wienen en
stienen te keatsen as dat se nea oars dien hienen. Nei alle gedachten binne se ek wol stiif west, sa as se nea oars west ha!
Yn 'e tarieding fan dizze dei, wie noch ien oandachtspunt, te witen: de froulju! Hoe halde jo sechtich froulju yn trije klassen yn 'e stringen en wurdt it administrative part op krekte wize beoardere? De oplossing wie gau f?n yn de foarm fan in "empire", of wol in list-byhalder.
Dit moast fansels immen w?ze fan kwizekwansje, moast stevich yn 'e klompen stean en wat ?nderfining wie ek w?nst. Sadwaande waard der in "ald" Merkekommsjelid fan stal helle, en d?rtroch waard it in gl?d ferrinnend gehiel.
Neidiel fan sa'n grutte opkomst, is dat der net mear safolle tillegrafen yn 't keatshok stienen, sadat alles wat der noch wat op like mei kramtrie en gaffa-tape oplape waard. En d?rtroch hie elts perk syn eigen puntetellingbyhaldobjekt.
Ek de neisit wie wer befredigjend, mar dat kin hjir ek net oars. (As je de t?n krekt skoffele ha, kin al in reden foar in neisit w?ze!) ?nder sa 'n neisit wurde der noch wat partijen evalueare (sloech hy no wol as net op die bal dy 't foar wie??!!) en wurde der in hantsjefol konkl?zjes lutsen, sa as: ja, hy hat ek op 'e PC keatst! No, d?r hie hy dochs ek net in priis!! As: wy wiene te licht, om 't we te swier binne!
Al mei al, in topdei en ik wol dan ek it bestjoer en de jongkeardel mei it wyntsje by de teraskachel, Hindrik Fridsma, tank sizze.
Takom jier mar wer en miskien krije we de beide fjilden fol!
Mathijs
Ps: ik hie noch, yn gearwurking mei Wiebe Sinnema en Frans Slaterus, prebeare it ?ntstean fan de doarpspartij te achterheljen, troch ?lde notuleboeken fan de keatsferiening en oare histoaryske beskriuwingen fan it keatsen yn Wergea te rieplachtsjen. Mar ik bin der noch net rjocht achter. Miskien yn in folgjende Havensbank.

