- Details
- Categorie: De Havensbank
- Gepubliceerd: 04 januari 2010
- Laatst bijgewerkt: 04 januari 2010
Ofskie
It jier 1989 wie in bysûnder jïer. In wrâldmomint wie it fallen fan de Muorre yn Berlyn. Op datselde stuit waard 1989 ek foar ús bysûnder: we krigen in soan. En foar Wergea wie der yn dat jier it earste iepenloftspul. Wêrom no werom nei 1989?
No, dat wie it jier dat ik yn 'e redaksje fan de Havensbank kaam. Under in rippetysje fan it iepenloftspul "Buorkjende bisten" frege Sieb Stroosma my oft ik in sit yn 'e redaksje ha woe. Germ Kamsma hie opsein en hja sochten in nij lid, leafst ien út plan "oost", net te âld, warber yn it ferieningslibben en ût it roomske fermidden, ha 'k lêzen yn it âlde notuleboek.
Tige nijsgjirrich dy âlde boeken. Ik ha se fan it begjin of trochlêzen. De wenstige saken kamen der yn foar sa as ynkommen kopij, sinteraasje, it foarlêzen fan it haadartikel, mar sa tusken de rigels troch kin je ek gewaar wurde wat de redaksjeleden fûnen fan wat der him yn Wergea ôfspile. Ek falt it my op dat der saken binne dy't troch de jierren hinne itselde bliuwe. De jildpine, elts jier wer diskusjes oer it al of net ferheegjen fan de advertinsje- en abonnemintsjilden en de dielnimmende ferienings en moat der no al hast wer in akseptgirokaart by de Havensbank yn?
Ek wurdt der geregeld kopij te let ynlevere, ek troch de redaksjeleden sels, en binne der stikken by dy't fierstente lang binne. Komt my net ûnbekend foar. Jier út jier yn wurdt der skreaun oer de jiergearkomste fan Pleatslik Belang, de útfiering fan de Kriich, de gymnastykútfiering, it skoalfeest.
It printsjen fan de Havensbank, dêr kin hast in boek oer skreaun wurde. Altyd is der wol wat. Yn 'e begjinjierren waard de kopij troch in redaksjelid nei de ELCI yn Ljouwert brocht dêr't dy typt en printe waard. De frachtriders Gercama en Bergsma hellen om bar de Havensbanken op by de printer.
By myn oantreden yn 1989 waard de Havensbank printe by de DSW yn Ljouwert. Dêr ha ik de kopij ek faak hinne brocht. Mar tefreden wiene we der net oer. In soad flaters stiene yn 'e tekst en foaral nammen kloppen faak net.
Yn 1990 kaam Lotty Timmer as typiste by de Havensbank. Sy makke de kopij printklear. De kopij waard foardat dy nei de printer gie earst noch neisjoen troch in oantal redaksjeleden. Oant hjoed-de-dei bart dy korreksje noch eltse moanne. Nei de DSW kaam noch de Baanbrekker yn Akkrum, in printer yn Damwald dy't nei in pear Havensbanken ynienen fallyt wie, dêrnei ien yn Harns en dêrnei de hjoeddeiske printer Donkel en Donkel yn Drachten. Al jierren best nei 't sin.
By dizze printer kaam ek it plan wei om de Havensbank nei safolle jier op in oar formaat út te jaan. Dat hat nochal wat diskusjes oplevere. Mar ik moat sizze dat ik noch altyd bliid bin dat we it dien ha en dat de kwaliteit fan it blêd dêrmei flink tanaam is.
De kopij waard earst altyd skreaun of typt ynlevere en dan moast alles wer typt wurde. Fan jannewaris 1993 of koe de kopij op "floppy" oanlevere wurde. Revolúsjonêr! It skeelde in soad tiid. Ik sjoch mysels noch fytsen mei in hanfol floppys. Nei it ferwurkjen troch Lotty brocht ik se nei de eigners werom.
En de grutste feroaring wie wol de e-mail. No wurdt 99% fan alle kopij op dizze wize oanlevere. Net elkenien koe fuort mei de moderne tiid meigean. Sa krige ik op in stuit in slúf mei kopij deryn dêr't op de bûtenkant skreaun stie: "Ik heb dit ook in de computer staan en men zegt dat je dat op een schijfje kunt zetten. Nu heb ik wel zo'n schijfje maar ik weet niet hoe ik dat erop krijg."
Moaie mominten genôch yn dy 20 jier. It organisearjen fan "Het Groot Dictee der Nederlandse taal". De earste kearen in grut sukses mar al gau moast it ôfblaasd wurde troch te min animo. En dan ús eigen "Wergeaster Frysk Diktee" yn it jier 2000, skreaun troch Wiebe Sinnema. Ek dat wie in pear jier in grut sukses mar is nei ferrin fan tiid ek ferdwûn.
Us ûnferjitlike "lêste" jûnen yn desimber. De lêste gearkomste fan it jier as de redaksje betiid gearkomt en nei in oere de "oare heiten". En dan spultsjes dwaan, masterlik betocht troch Jelle Dijkstra. Hy hat ús, foaral yn 'e begjinjterren fan myn redaksjelidmaatskip, it hiele doarp troch hân om antwurden te sykjen op hast ûnmooglike fragen. Ek it spyljen fan "Hints" is legendarysk.
No't ik dit allegear opskriuw, krij ik der hast spyt fan dat dit myn lêste Havensbank is. Want ja, dat is wol de toan fan dit artikel. Nei 20 jier komt der in ein oan myn redaksjelidmaatskip, wêrfan sûnt april 1996 it redaksje-adres en de einredaksje.
We ha yn Jacoba de Wolff in nij redaksjelid fûn: net te âld, warber yn it ferieningslibben en, hawar, fêst wol mei earne "roomske" woartels.
Ik wol de redaksje betankje foar de moaie jierren en de gesellige gearkomsten. Ik winskje de Havensbank in goede takomst ta. In takomst dy't takom jier har 51ste jier yngiet!
Sa oan de ein fan it jier is it wenst om alle Wergeasters te betinken dy't dit jier ferstoarn binne. We neame har hjir by de namme en betinke harren mei respekt:
19 desimber 2009 Jan Sije Visser 81 jier
12 jannewaris 2009 Geeske kamsma-Hobma 79 jier
6 febrewaris 2009 Wippy Wobbes-Veenstra 61 jier
16 febrewaris 2009 Jan Toering 94 jier
27 febrewaris 2009 Trijntje Sytema-Bies 95 jier
26 maart 2009 Albertje Terpstra-Dijkstra 90 jier
12 maaie 2009 Lucas Folkert Sinnema 85 jier
14 juny 2009 Thomas Langhout 81 jier
21 juny 2009 Sipke Freeks de Boer 95 jier
29 july 2009 Douwe Swierstra 68 jier
25 augustus 2009 Jan Santema 65 jier
2 septimber 2009 Sietse Willem Meeter 68 jier
16 septimber 2009 Harmina Sinnema-Scheenstra 74 jier
28 septimber 2009 Jacob Wiersma 77 jier
29 oktober 2009 Tecla Anna Sinnema-Alves 74 jier
30 novimber 2009 Sikke Jozef Sinnema 74 jier
Mei út namme fan de redaksje wol ik alle lêzers fan de Havensbank folle lok en seine tawinskje foar it nije jier.
Fokje

