- Details
- Categorie: De Havensbank
- Gepubliceerd: 05 maart 2010
- Laatst bijgewerkt: 05 maart 2010
De Havensbank februari 2010: Halbertsma Wergea spilet it stik Twa.
Tiisdei 26 jannewaris
. Foarferkeap om 19.00 oere foar leden en om 19.30 oere foar net-leden.
18.05------ Der steane al 5 minsken foar de doar fan it Doarpshûs, mar ik bin moai op ’e tiid.
18.30------ Wy meie der yn. Pyt Zwart, dy’t efter my stiet, laket, ek moai op ’e tiid.
18.35------ Graach 2 kaarten foar de 13de febr. Reaksje: Utferkocht! Dan mar foar de 21ste.
Reaksje: Utferkocht! Lokkich noch 2 kaarten foar de 10de! Pyt Zwart laket net
mear. Ik moat ek noch kaarten helje foar inkele net-leden, dus moat ik wer efter yn de rige oanslute.
18.55------ Bin wer oan bar, mar moat wer út de rige wei, want it is noch gjin 19.00 oere Hindrik Fridsma wol syn kaart wol ferkeapje foar 100 euro!
19.15------ Remko hat noch in pear kaarten te ferjaan, ik nim se mar.
Freed 5 febrewaris
20.00------ Proefdraaie op it poadium. Ik wurd belle troch Bert om in sit te nimmen op it
draaipoadium om te testen as wannear’t der 50 minsken op sitte, it spul noch wol
draaie wol. It wurket.
Snein 7 febrewaris
!6.00------ In soarte fan try-out fan it stik. Ik bin benijd! Wy sitte mei in tritich man yn de seal.
It giet geweldich, ik bin ûnder de yndruk!
Woansdei 10 febrewaris
19.30------ Ik bin wer moai op ’e tiid, want ik mei graach foaroan sitte mei Jelle.
Hindrik en Pyt net sjoen.
De wrâldpremjêre fan it troch Jim Cartwright skreaune stik Twa, earder alris
opfierd yn Wergea op in boat, dy’t eartiids by de Frico lei.
Wrâldpremjêre, omdat it stik nea earder spile is op dizze wize. Theo Smedes, ús
nije regisseur, hie betocht dat der in draaipoadium komme moast wêrop’t de minsken sitte koenen. In boppeslach, nea earder fertoand!
Twa is it ferhaal fan it libben fan Klaas en Jantsje v/d Zee, dy’t in kroech hawwe.
Mar it is ek it ferhaal fan de fêste klanten mei al harren blidens en fertriet. Ek by
Klaas en Jantsje binne der in protte spanningen, op ’e ein komt it ta in dramatyske
klimaks.
Bert Sinnema en Aleida Fennema, dy’t alle typkes spilen, wienen fenomenaal.
It is net sa dreech om in dronken frommes te spyljen, mar spylje marris in frou dy’t mient dat sy net dronken is. Klasse, Aleida!
Omke Kees, dôf, âld en fertrietlik omdat syn frou ferstoarn is, waard sa minsklik
delsetten, dat je suver begrutsjen mei him hienen. Chapeau Bert! En sa kin ik
noch wol in skoftke trochgean.
Wat sil de bouploech in bealch fol wurk hân ha oan it dekôr, sjoen de smûke
Bidler. Ek de minsken dy’t holpen by al dy ferklaaipartijen, de mannen
fan it lûd en ljocht, Theo Smedes, allegearre hawwe sy eare fan harren wurk
krigen. En fansels wiene der folle mear minsken by dizze produksje belutsen.
21.00------ Sit oan de bar mei Bert en Theo en evaluearje it stik mei in pilske. It is noch tige
drok, net folle minsken geane nei hûs. Lekker sfearke.
23.45------ Sit noch hieltyd oan de bar en der binne noch hieltyd in protte minsken, sy reitsje net útpraat oer it stik.
Nim noch in twadde gehakbal, makke troch de famylje van der Veen, hearlik!
24.00------ Thús, wat in moaie jûn ha ik hân. En de jûn koe letter ek net mear stikken doe’t ik
tsjin Grieteke sei: “Wat benne jou moai!”
Henk

