logoSywartGreenlowresOfrûne sneon is in nije trailer opnaam fan Sywart, de soap. De premiêre komt tichtby, nog 6 dagen en dan is it safier: Sywart yn Warstiens! Besjoch hjir de nije trailer.

Sywart, de soap wurdt in bysûnder iepenloftspul. In iepenloftspul op twa lokaasje, yn twa doarpen sels. En de reis fan de iene nei de oare lokaasje, dat wurdt ek in belevenis. It paad nei Warstiens is altyd al moai, mar it wurdt no noch moaier. En dat komt net allinnich fan de nije dyk!

De lêste jûn, freed 21 juny is ûndertusken útferkocht. Foar de oare wykeindagen binne noch in beperkt oantal kaarten te krijen. Dus bestel sa gau mooglik:
telefoan: 058 - 255 12 02 (tusken 19:00 en 20:00 oere) of fia de website www.sywart.nl

 

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.