Boubedriuw Delfsma út Aldeholtpea hat it fallisemint oanfrege. By it bedriuw wurkje 7 minsken. It fallisemint is oanfrege omdat de bank de rekkens blokkeard hat. Dêrtroch koene de salarissen en rekkens net mear betelle wurde. Troch it fallisemint leit ek de nijbou fan basisskoalle de Twamêster yn Wergea stil. De skoalle soe ein jannewaris ferhúzje. Yn it geunstichste gefal giet de bou oer acht wike wer fierder.
Bron: Omrop Fryslân, 12-12-2013
-
- Gepubliceerd: 12 december 2013
- Categorie: Nieuws
- Laatst bijgewerkt: 12 december 2013


