- Details
- Categorie: Gemeente Leeuwarden
- Gepubliceerd: 13 november 2008
- Laatst bijgewerkt: 19 november 2008
Tusken Grou en Warten komt foarearst gjin fytspaad. De FNP woe dat de provinsje it fytspaad foarfinansierde, mar krige dêrfoar gjin stipe fan de Steaten. De mearderheid fynt dat de provinsje net op de stoel sitten gean moat fan de gemeente Boarnsterhim.
Boarnsterhim hat finansjele problemen. Dy moatte earst oplost wurde foardat de provinsje neitinke wol oer foarfinansiering. De Steaten binne foaral benaud dat se it jild net werom krije.
Foar it fytspaad wurdt al jierren striden. De plannen wiene klear en goedkard, mar troch de finansjele problemen fan Boarnsterhim gie de oanlis net troch. In fytspaad by de gefaarlike dyk lâns is benammen nedich foar skoalbern, toeristen en Nasjonaal Park de Alde Feanen.
Bron: Omrop Fryslan, 13-11-2008

