It earste ljipaai fan de gemeente Boarnsterhim is fan 'e moarn, 11 maart 2009 om 09.30 oere fûn. De finer is de mefrou Gerda Pol út Wergea It earste ljipaai fan de gemeente Boarnsterhim is fan 'e moarn, 11 maart 2009 om 09.30 oere fûn. De finer is de mefrou Gerda Pol út Wergea (berne 6 april 1965). Mefrou Pol hat it aai fûn yn in stik lân yn Domwier by Wergea. Mefrou Pol hat in neisoarchpas en is lid fan de fûgelwacht fan Warten-Wergea.

It earste ljipaai fan Boarnsterhim sil fan 'e middei, 11 maart, om 15.30 oere oanbean wurde oan wethâlder A.J. de Vries. Dit sil plakfine yn it gemeentehús fan Boarnsterhim oan de J.W. de Visserwei 10 yn Grou. De wethâlder sil de finer in oarkonde, in bedrach fan € 15,00 en in bosk blommen oerhandigje.

Jo binne wolkom om by it oanbieden fan it ljipaai oanwêzich te wêzen.

Bron: Buro kommunikaasje fan 'e gemeente Boarnsterhim

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.