Yn it ramt fan de gemeenteriedsferkiezings organisearret de lokale omrop “De Boarnsterstim” in oantal ferkiezingsdebatten.

 PARSEBERJOCHT LOKALE OMROP “DE BOARNSTERSTIM”

Grou, 290110

Listlûkersdebatten by de Lokale Omrop.

 

Yn it ramt fan de gemeenteriedsferkiezings organisearret de lokale omrop “De Boarnsterstim” in oantal ferkiezingsdebatten, sa wol as yn de studio as yn it gemeentehûs oan de J.W. de Visserwei yn Grou. Op moandei 15 febrewaris sil de studio-diskusje plakfine tusken de listlûkers mefrou Lyda Veldstra fan de FNP, de hearen Sietze Bouma fan de VVD, Martin Frensel fan D’66 en Roelf v.d. Woude fan de P v.d. A. Wylst in wike letter, op moandei 22 febrewaris mefrou Gerrie Rozema fan Groen Links, de hearen Jan Hemminga fan Gemeente Belangen 2000 en Jan Sine Zijlstra fan it CDA yn de studio oan bar binne. Dizze útstjoerings begjinne om 20.00 oere en sille oan’t 21.30 oere duorje.

En op de jûns foar de ferkiezings, op tiisdei 2 maart, sille alle sân listlûkers yn in iepenbier debat de striid mei elkoar oangean. Hjirby is it publyk fan herte wolkom.
Dit debat sil plakfine yn de gearkomste-/kantineromte fan it gemeentehûs en begjint om 20 oere en eindigt 22 oere. Ek sil der dan foar it publyk romte wêze om fragen te stellen. Tillefoanysk kinne der ek fragen yntsjinne wurde.

Op woansdei 3 maart, de jûns fan de ferkiezingsdei, stjoert de lokale omrop ek streekrjocht de gong fan saken rûnom de útslagen fan dizze gemeenterieds-ferkiezings fanút de gearkomste-/kantineromte fan it gemeentehûs út. Dizze útstjoering begjint om 21 oere en duorret oan’t likernôch 24 oere. As alle útslagen bekind binne, sil in ôfrûnend “rûne-tafelpetear” plakfine mei álle listlukers.

De lokale omrop “De Boarnsterstim” is te hearren op de 105.6 Mhz FM yn de eter, 96.6 Mhz FM op de kabel en middels de livestream op www.boarnsterstim.nl

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.