Op woansdeitemiddei, 17 maart 2010, is it earste ljipaai fan de gemeente Boarnsterhim fûn troch Aaltje Bergsma út Wurdum. Aaltje is 9 jier (berne op 28-05-2000) en fûn it aai yn in stik lân tusken Eagum en Wurdum, yn de Eagumermar.

Op freedtemoarn 19 maart, om 9.00 oere, sil dit earste ljipaai fan de gemeente Boarnsterhim oanbean wurde oan boargemaster Baas yn it gemeentehûs fan Boarnsterhim oan de J.W. de Visserwei 10 yn Grou. De boargemaster sil Aaltje in oarkonde, in bedrach fan € 15,= en in aardichheidsje oerhandigje.

Fansels binne jo wolkom om by it oanbieden fan it ljipaai oanwêzich te wêzen.

 

Bron: Buro kommunikaasje fan ‘e gemeente Boarnsterhim

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.