HERMAN

Nei it boek fan:   Marc van Bree
Nederlânsk skript:   Peter de Baan en Bart van den Donker
Fryske oersetting:   Bert Sinnema

 

Op in nije, prachtige en bysûndere lokaasje, de âlde wurkpleats fan de famylje Meinderts oan de Kerkbuurt 6, sil Lokaasjeteater De Kas de Fryske premjêre fan “Herman” spylje.

Herman, in man by wa't it libben oars rint as pland. Fêstrustke gewoanten wankelje, wissichheden ferdwine en Herman moat op’e nij syn paad fine. Mei humor en werkenbere situaasjes lit Herman sjen dat op ‘e nij begjinne somtiden dreech is, mar ek ferrassend útpakke kin. 

De spyldata:    20, 21, 24, 26, 27 maart en 1, 3, 4, 5 april.   Jûns om 20.00 oere.
Seal iepen om 19.30 oere.

De losse foarferkeap is tiisdei 3 maart fan 19.00 oant 20.30 oere yn de âlde wurkpleats oan de Kerkbuurt 6.

Tagongspriis is €15.00

Fan 4 maart o/m 6 maart kinne jo tusken 18.00 en 19.00 oere tillefoanysk bestelle  058 255 2485
Dernei fan 18.00 oant 18.30

 

 Spilers:  Bauke v/d Veen, Esther Dijkstra, Sicco de Ree, Dennis Pijl
 Rezjy:  Bert Sinnema
 Rezjy assistente:  Aleida Fennema en Regina Veenstra
 Ljocht en lûd:  Meine Bijlsma en Folkert Sinnema
 Kap/grime/klean/rekwisiten:  Monique Dekker, Wietske Sinnema, Ypie Kerkstra-Pijl
 Dekor/Bouploech:  Jitze Grijpstra, Hielke Fennema, Bert Sinnema

 

Lokaasjeteater De Kas FACEBOOK

 

 

Op snein 1 maart sille wy it krekt wat oars as oars oanpakke. Wy hawwe dan yn gearwurking mei Jouster muzikant Wiebe de Jong, guon kinne him miskien wol as âld toetsenist fan Vangrail, in moai programma gearstald fan opkommende bands en artysten. Ferskate fan dizze acts hawwe earder acte de presence jûn op û.o. Brêgepop yn Skarsterbrêge en by ús sille se mear fan harren talinten hearre litte!
Lykas bygelyks Marit, dy’t as dé ûntdekking fan de Brêgepop Talentstage de besikers fol ferwûndering efter liet! De oare acts binne Muriël (soul- en gospel sjongeres) en The Spaltenbridge Band (rockband út Terwispel). Hâld de kommende tiid ús socials yn de gaten of wurd lid fan ús appgroep foar mear ynformaasje!
 
Wanneer: zondag 1 maart
Locatie: Us Doarpshûs, Wergea.
Doarren iepen, lykas altyd, om 15:30

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.