
Op snein 1 maart sille wy it krekt wat oars as oars oanpakke. Wy hawwe dan yn gearwurking mei Jouster muzikant Wiebe de Jong, guon kinne him miskien wol as âld toetsenist fan Vangrail, in moai programma gearstald fan opkommende bands en artysten. Ferskate fan dizze acts hawwe earder acte de presence jûn op û.o. Brêgepop yn Skarsterbrêge en by ús sille se mear fan harren talinten hearre litte!
Lykas bygelyks Marit, dy’t as dé ûntdekking fan de Brêgepop Talentstage de besikers fol ferwûndering efter liet! De oare acts binne Muriël (soul- en gospel sjongeres) en The Spaltenbridge Band (rockband út Terwispel). Hâld de kommende tiid ús socials yn de gaten of wurd lid fan ús appgroep foar mear ynformaasje!
Wanneer: zondag 1 maart
Locatie: Us Doarpshûs, Wergea.
Doarren iepen, lykas altyd, om 15:30
-
- Gepubliceerd: 18 februari 2026
- Categorie: Cultuur
- Laatst bijgewerkt: 18 februari 2026

