20110702ColumnLutzJacobi.jpgMyn doarp Wergea is omringd mei wetter.

De brêgen binne foar my it symboal foar de leefberheid fan it doarp.
Troch de brêgen kinne wy by elkoar komme en dogge wy dingen mei elkoar.
Leefberheid is mei elkoar wille meitsje, mei elkoar sporte, by-prate, toaniel en kaberet en muzyk meitsje.
Foaral use protte ferienings en de kontakten tusken us ferienings….. dy jouwe basis oan de leefbaarheid yn us doarp.
Leefberheid is soarch foar elkoar hawwe.

Yn us Wergea hawwe wy noch doarpswinkel, ‘n doarpshus, ’n eigen theater De Bidler, tsjerken , elektrisiteitswinkel, ’n smid, garage ,  de slachter, de bakker – fiets-hobbywinkel, ’n skoalle en blommewinkel en sels ’n wereldwinkel en ’n high tea gelegenheid en cafe.
It doarp leit der goed by en al dizze foarsjinnings moatte wy koesterje.
Mar uteinlik wurdt de leefbarens makke troch de minsken dy’t der wenje. Dat is de Reade Tried fan myn ferhaal.

De minsken sette sich yn foar harren doarp en binne grutsk op it doarp.
Net de foarsjinningen en de oerheid,  mar de minsken soarche derfoar dat it doarp leefber is.
Elts doarp is ferskillend en ik fyn as PvdA wurdfierder plattelansbelied  yn de Twadde Keamer dat foaral de minsken selts de romte hawwe moatte om te bepalen wat goed is foar it doarp.

Wat de minsken selts net opbringe kinne, der helpt de oerheid by.
De oerheid is der foar de mienskipsfoarsjinnings en it jild wat derfoar nedich is. Sis mar de basisfersjinning, sa as ’n doarpshus.
Myn winsk is dat de oerheid en de bewenners fan it doarp mei elkoar ’n soarte fan contract opstelle foar de basisfoarsjinningen yn it doarp  en it jild derfoar.
Bewennsers stelle selts hun foarstellen foar de mienskip fest.
Ik bin bot foar seltsstjoering fan doarpen en dat betsjut ek dat de regeldruk foar doarpshuzen en  ferienings bot nei beneden moat.
De oerheid moat die regeldruk mindere.

Frijwilligers hawwe no te meitsjen mei wol meer dan 200 regels fanut drank-horecawet, Arbo, branwacht en wit ik noch meer.
Wer mooglik moatte wy die regels skrappe en eenvoudiger meitsje.
Haw dit allegearre delskrean yn myn Puntenplan foar it Lanlik Gebied en de doarpen ………. Sukses foar leefbaarheid wurdt foaral boekt as de oerheid de bewenners de romte jout om de saken selts op te pakken.
It jild is dan de brêge om it ut te fieren.
De brêge as symboal fan de leefberhied fan it doarp.


Lutz Jacobi, Wergea
Lid Twadde Keamer
PvdA fraksje
Juli 2011 

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.