Nije site www.iepenloft.nl
By it tarieden fan it nije iepenloftspul fûn de kommisje dat de website der datearre útseach. Reden om net allinnich mei in nij iepenloftspul oan ‘e slach te gean, mar ek mei in nije site. En sûnt begjin maart stiet de nije site online. Wy binne der as kommisje tige oer te sprekken. Net tefolle tierlantijnen, mar dúdlike en oersichtelike ynformaasje. De kommende moannen sil hjir al it nijs oer Sywart as earste ferskine. Wy noegje jim út om sels ris rûn te sjen.
Dus hjirby in digitale tip fan de kommisje: set www.iepenloft.nl by jim favoriten of meitsje der de startpagina fan! En in tip foar de takomst: meitsje in account oan by Twitter en Facebook, want dan bliuwe jim echt hielendal foar 100 prosint op ‘e hichte fan Sywart syn aventoeren.
-
- Gepubliceerd: 01 april 2013
- Categorie: Nieuws
- Laatst bijgewerkt: 01 april 2013

