
Alderearste Frysk op ’e Dyk-middei yn Wergea
Praat mar Frysk organisearret op sneon 11 april de alderearste Frysk op ’e Dyk-middei yn Wergea.
Op dizze middei tusken 13.00 en 17.00 oere kin it hiele doarp de dyk út om it Frysk yn eigen doarp en omjouwing fêst te lizzen en mei te dwaan oan de ferkiezing fan de moaiste Frysk op ’e Dyk-foto fan Wergea. Dêrneist kinne dielnimmers meidwaan oan in fotoworkshop, in workshop Fryske street-art en is der in ynfostand fan de Afûk. It evenemint fynt plak yn ‘Us Doarpshûs’ oan de Nieuwe Weg 2-4 yn Wergea.
Om ús hinne is der in soad Frysk te sjen, mar it is sa fanselssprekkend dat it net mear opfalt en dat wolle wy fan Praat mar Frysk graach feroarje. Meidwaan of mear witte? Sjoch op www.praatmarfrysk.nl
-
- Gepubliceerd: 08 april 2015
- Categorie: Cultuur
- Laatst bijgewerkt: 08 april 2015

