- Details
- Categorie: Cultuur
- Gepubliceerd: 27 februari 2008
- Laatst bijgewerkt: 27 februari 2008
Op 1 maart 2008 spilet Tryater it stik 'Brân brân! of De Heuvels fan doe'.
Plak: De Bidler, oanfang: 20.00 oere.
Op 1 maart 2008 spilet Tryater it stik 'Brân brân! of De Heuvels fan doe'.
Sân folwoeksen spilers, werûnder Jan Arendz, Romke Toering en Joop Wittermans spylje bern fan in jier as sân.
De rezjy is yn hannen fan Anny van Hoof.
'Brân brân! De heuvels fan doe' giet oer in groepke bern, dat boartet yn it bosk fan Ingelske Dean yn 1943.
Stekwurden:, 'Brân, Heuvels, Arendz, Romke, Toering, Joop, Wittermans, Anny, Hoof, Dean, yn de Bidler te Wergea.
Graach oant sneon 1 maart,
Kulturele Kommisje Wergea
Tryater skriuwt op hun webside it folgende:
LYTS WÊZE YN IN GRUTTE WRÂLD
Werom nei je bernetiid...
want doe wie alles better?
Grutte minsken spylje bern dy’t grutte minsken spylje!
De bern wurde spile troch folwoeksen akteurs. Brân! Brân! giet oer langstme nei de bernetiid mar ek oer ûnwissens en hoe wreed oft bern wêze kinne. De bern begjinne har like wreed te gedragen as folwoeksenen. Bytiden kin dat hiel werkenber wêze. Dennis Potter (The Singing Detective) hat it stik ûnder de titel Blue Remembered Hills skreaun. Earst as filmsenario, letter is it bewurke foar teater.
Hilbert Dijkstra: Ik bin nijsgjirrich nei de foamjouwing. Want der binne trije wichtige lolaasjes wêrby in bosk... ik tocht al oan draaistuollen dêr’t it publyk op sit wylst wy der om hinne spylje. En sjoch, bern binne ûnskuldich mar dogge de measte wrede dingen, eins spegelje sy de folwoeksen wrâld sûnder al dy dûbele lagen dy’t wy der yn lizze...
REGY ANNY VAN HOOF TEKST DENNIS POTTER OERSETTING ROMKE TOERING SPILERS HILBERT DIJKSTRA, ARNOLD DIJKSTRA, ROMKE TOERING, JOOP WITTERMANS, JAN ARENDZ, ALY BRUINSMA, MARIJKE GEERTSMA DEKOR JAN VAN HOOF KOSTÚMS ANNELIES DE RIDDER
![]() |
It is 1943, earne op it plattelân yn Ingelân. Sân bern boartsje bûtendoar yn ’e sinne. Wat witte sy fan de grutte Wrâldoarloch dy’t har heiten oan it útfjochtsjen binne? De bern boartsje fleantúchje en parasjute. Sy klimme yn beammen, sy fjochtsje, sy jeie mei-inoar in iikhoarn op en meitsje it bistje dea. Sy boartsje mei fjoer… Boarterij, spul en oarloch rinne yn elkoar oer.


