20080601wergea_live.jpg

20080601wergea_live.jpg

 

Muzikaal talint Wergea live op it poadium

 

Yn Wergea sit in soad muzikaal talint. In grut tal Wergeasters brûkt dat talint by it fanfare orkest, by it sjongkoar, by it iepenloftspul of by noch in oantal oare Wergeaster ferienings, dêr’t geregeld muzyk makke wurdt. Mar ienris yn de twa jier kinne ek de minsken dy’t net by in klup oansluten binne, of minsken dy’t op fokaal of muzikaal mêd ris wat oars as oars wolle terjochte op in spesjaal poadium: Wergea live!, in grut muzykspektakel yn de iepenloft.

Sneintemiddei 1 juny is it wer safier, in 65! (âld-)Wergeasters sille wer sjen litte wat hja muzikaal te bieden ha. En it aardige fan dizze middei is dat de dielnimmers it net allinnich hoeve te dwaan, op fersyk kinne hja begelieding krije fan betûfte muzikanten, in grut ferskaat oan (ekstra) bandleden, backing vocals, twadde stimmen en wat mar winske wurde kin op it muzikale mêd. Dit sil fêst wer nije en ferrassende talinten opsmite yn Wergea en yn alle gefallen foar de taskôgers in moaie muzikale middei.

Wergea live! kin fergees en live meimakke wurde op snein 1 juny, fan 15:00 oere ôf by De Bidler yn Wergea. Dizze Wergea-live produksje wurdt organisearre troch it Bidlerbestjoer en de Kommisje Iepenloftspul Wergea.

www.wergea.com maakt gebruik van analytische cookies (informatie over browser, besturingssysteem en soortgelijke gegevens). 
Deze worden anoniem verwerkt in Google Analytics. Je laat deze gegevens achter door te navigeren door de website.

Lees hier de disclaimer over alle privacy-gerelateerde zaken.