- Details
- Categorie: Cultuur
- Gepubliceerd: 03 juni 2008
- Laatst bijgewerkt: 03 juni 2008
WERGEA - Yn maaie 2009 komt de Wergeaster Iepenloftspulkommisje mei it nije projekt Cascada. In bysûndere produksje: byldzjend teater mei meiwurking fan in breed ferskaat oan Wergeaster artysten. Wetter sil in grutte rol spylje mei dêrnjonken as wichtige tema's: byldzjend teater, sirkus, wraldmuzyk en magy. Mei live-muzyk ütfierd troch Wergeaster muzikanten.
It ferhaal is basearre op ferhalen fan de ïngelske skriuwer Lewis Carroll (1832 - 1898): Alice's Adventures in Wonderland en Through the Looking Glass. Ferneamde berneferhalen dy't ferfilme binne troch de Disney-studio's en dêr't ûnder mear it RO-theater en Firma, Rieks Swarte in teaterfoarstelling fan spile ha. In jong famke wurdt grut... Sy leart har in wei te finen yn de wurklikheid...Yn it boek én it stik wurdt boarte mei de regels, mei magy, fantasij, taal en logika.
Anne Graswinckel (regissearre earder yn Wergea 19-10-4-7-25-29 (Waking Ned) en Lucky Manuelo) en Marit Bamboe (fersoarget ûnder mear de koreografy by it berne-iepenloftspul fan Easterwierrum) bewurkje en regissearje dizze Wergeaster produksje, yn gearwurking mei Peter Sijbenga, dy't ek de Fryske oersetting foar syn rekken nimt. It stik wurdt in oantal kearen spile yn maaie 2009 op in noch neier te bepalen lokaasje yn of om it doarp hinne.
(bron: Mid Frieslander dinsdag 3 juni 2008 wmm)

