- Details
- Categorie: Cultuur
- Gepubliceerd: 03 december 2008
- Laatst bijgewerkt: 10 december 2008
Tryater spilet Eintsje libben, in stik fan Rients GratamaOer it w?nderlik ferrin fan it bestean, nominearre foar de Toneel Publieksprijs!
Op sneon 13 desimber spilet Tryater Eintsje libben fan Rients Gratama yn De Bidler yn Wergea. Kaarten binne te bestellen op 058-2552200. De foarstelling begjint om 20.00 oere.
Gratama skreau syn earste echte toanieltekst yn in humoristyske, mar ek tige teatrale en po?tyske taal. Ira Judkovskaja regissearret dizze reisfoarstelling en begeliedt d?rmei Rients yn syn eigen fertelling. Neist Rients Gratama steane Jan Arendz en Alyt Damstra yn Eintsje libben. Roos van Geffen die de foarmjouwing, Anna Khodorovich de kost?ms. Peter Sijbenga skreau de muzyk.
Tryater is mei Eintsje libben nominearre foar de Toneel Publieksprijs. Toneelprodusinten wurdt elk jier frege om mei te dwaan mei harren grutte seal produksjes. It is dit seizoen foar it earst dat der in Frysktalige produksje meidocht en nominearre is. Nei dizze nominaasje folget foar Eintsje libben no in online stimronde op www.toneelpublieksprijs.nl. Elkenien kin fan 29 oktober 2008 oant en mei ein maaie 2009 stimme op syn as har persoanlike favoryt. De winner wurdt bekend makke tidens it Gala van het Nederlands Theater op 9 septimber 2009.
Twa mannen ha krekt de frou fan har beiden begroeven. De iene wie mei har troud, de oare hold fan har. De iene wie dirigint, de oare boekhâlder. Se binne freonen, rivalen, needlotgenoaten en soms famylje fan mekoar. Se fertelle harren libben oan in famke. In famke dat krekt op dy dei op ‘e syk is nei in rjochting yn har libben. ‘De iene giet de wr?ld yn om wat te sjen, de oare om wat te finen.’
Rients Gratama hat yn de ôfrûne 50 jier in soad skreaun. Fan syn eigen kabaretfoarstellingen kaam sa’n 70% fan syn hân. Mar Eintsje libben is syn earste echte toanieltekst. It is in tekst wurden mei humor en in protte muzikaliteit. Der sit ritme yn de taal. Rients oer taal: ‘In minsk moat mei taal bliidmoedich omgean as in fûgel mei sjongen.’
By Eintsje libben wurdt in tekstboekje ?tj?n. It tekstboekje is der kommen yn gearwurking mei De Moanne en wurdt ek mei it bl?d meistjoerd nei de abonnees. It publyk fan Eintsje libben kin it boekje keapje nei ?frin fan de foarstellingen. Yn it tekstboekje is de tekst fan Rients Gratama yntegraal opnommen. Peter van de Witte, kabaretier en ?ld learling fan Rients, hat de oersetting op him nommen. Ek de Nederl?nske tekst stiet yntegraal yn it boekje.
De parse skreau:
‘Eintsje libben is sûndermis in yntime, brekbare mar ek ferrassend frisse foarstelling’ (LC).
‘Tryaterproductie Eintsje libben boeit van begin tot eind’ (Mid-Frieslander).

Bron: Tryater

