- Details
- Categorie: Cultuur
- Gepubliceerd: 13 november 2010
- Laatst bijgewerkt: 13 november 2010
DRANG
In komeedzje oer de gefolgen fan in nacht út in skier ferline fol lust en leafde
It sil dy mar oerkomme… Op in dei stiet der in freondinne fan eartiids op ‘e stoepe mei har hast-folwoeksen soan. Se beweart datsto de heit bist, ferwekt op in feestje, stikem achter de boskjes. En no freget se dyn help! Peter Tuinman regissearret dizze wrange komeedzje.
Juliette en Wouter binne in echtpear fan hast sechtich, sûnder bern. Hy hat it kontakt ferlern mei syn tiid, sy sjocht, nei in slimme sykte, mei skrik werom op har libben. As de freondinne mei har soan harren libben ynstapt, wurdt de rin fan it libben op ‘e nij tsjin it ljocht holden en wurde leagens ûntmaskere. Komysk, bitter en leafdefol tagelyk.
DRANG begjint dêr’t it televyzjeprogramma Spoorloos ophâldt: hoe geane minsken mei elkoar om as se ûnferwachts wer by mekoar brocht binne. In foarstelling fol ûnmacht, dwazens, en nettsjinsteande grimmitigens, dochs leafde.
Regisseur Peter Tuinman is benammen bekend as akteur. As regisseur wûn hy yn 2009 de Toneelpublieksprijs mei Kopenhagen fan Het Nationale Toneel.
Tjeerd Bischoff skreau yn 2008 prachtige sênes foar de 11Stêdetocht fan Tryater, ûnder oare de sêne yn Hylpen mei Thijs Feenstra.
tekst Tjeerd Bischoff
regy Peter Tuinman
spilers Jan Arendz, Aly Bruinsma, Marijke Geertsma en Lourens van den Akker
Wanneer: 20 novimber
Wêr: De Bidler
Hoelet: 20.00 oere
Kaarten foar Drang yn Wergea binne te krijen troch te beljen mei: 058-2552200
Priizen kaarten Drang binne:
€ 13,50 Normaal
€ 12,00 Freonen of 65+
€ 10,00 CKV/CJP

