- Details
- Categorie: Cultuur
- Gepubliceerd: 10 januari 2013
- Laatst bijgewerkt: 11 januari 2013
Toanielferiening Nut en Nocht Wirdum
Nut en Nocht spilet op 24, 25 en 26 jannewaris, yn de Golle te Wirdum, de healwize komeedzje/klucht “Wát in teater”
Wát in teater is in komeedzje dy’t yn Amearika en Ingelân ûnder de titel “Noises off” yn alle ferneamde teaters opfierd is. Tryater hat yn it ferline, it troch Tryntsje van der Zee oersette stik, mei grut súkses foar it fuotljocht brocht. It stik is ien fan de moaiste, mar grif ek dreechste kluchten om te spyljen. It is in grutte útdaging foar my as regisseur, mar seker ek foar de spilers en de bouploech. It stik spilet him foar en achter de kûlissen ôf en hjirfoar moat it dekor tiidens it skoft draait wurde. Trije kear wurdt de foarstelling út in oar perspektyf wei spile. Foar de spilers en publyk in hiel apart aventoer.
Klik op 'lees meer' of op de poster foar ynformaasje oer de kaartferkeap.
Nut en Nocht pakt dit jier grut út mei it dekor. Der is in dekorûntwerper oanlutsen en in bouploech gearstald om it metershege dekor te bouen. Wy repetearje mei dit dekor op in lokaasje yn Grou om’t wy de Golle net sa lang yn beslach nimme kinne. Wy hoopje dat wy der, nei “Gouden Hantsjes”, “Ien fleach oer it koekoeksnêst” en “Bêdgeheimen”, wer yn slagje sille om jimme in skitterjende jûn te besoargjen.
It stik “Wát teater” is eins in toanielstik yn in toanielstik. It stik “Neat om it liif” wurdt spile troch in ploechje toanielspilers ûnder lieding fan in “Hollanske” regisseur. It is in stik dêr’t jonge froulju omfleane yn ûnderguod, manlju harren broek sakje litte en in protte doarren iepen en ticht fleane. It spilet him ôf yn it riante ûnderkommen fan in Skriuwer yn de santicher jierren. Yn it earste bedriuw sjogge we de generale repetysje, wylst de spilers eins noch net iens ta binne oan de premiêre. In moanne letter, yn it twadde bedriuw, wurdt in matineefoarstelling jûn. Dan sjogge we de spilers achter de skermen. It tredde bedriuw is sa’n bytsje de lêste foarstelling, alle spilers hawwe der mear as genôch fan. Spilers en publyk wurde hieltyd op it ferkearde spoar setten. Grif in noflike toanieljûn.
Jenny Hoekstra, regisseur.
Kaarten binne te bestellen fia H. Wagenaar: tel 058-2551354

